Ynferno

15 septimber 2017
Nei oanlieding fan in fraachpetear yn Trouw mei Leoluca Orlando, de boargemaster fan Palermo, skreau Syds Wiersma it gedicht Ynferno. De boargemaster besiket safolle mooglik yn de haven te wêzen om de hûnderttûzenen flechtlingen dy’t dêr oankomme wolkom te hjitten. Hy fynt dat der mei dank oan de EU in genoside op see geande is en wol Europa oanklage. Mei dank oan dyselde EU fiere wy yn 2018 in feestje yn Ljouwert. Dat absurde gegeven waard de oanlieding foar dit gedicht, der’t de De Burgemeester van Napels ek noch in lyts roltsje yn spilet.

YNFERNO

De boargemaster fan Palermo
is gjin pizzeria, wat syn kollega
fan Napels wol waard yn Ljouwert.
De boargemaster fan Palermo
is in poarte foar drinkelingen
en oar skûm út ‘e bek fan ‘e see.

De boargemaster fan Palermo
is in wurge poarte en moat tinke
oan dy oare poarte, dy fan Dante, dy’t sei:
‘Lit farre alle hope wa’t hjir binnentreedt.’

De boargemaster fan Palermo
skoddet se allegear de hân, winsket
gelok en it bêste en bellet dan
de boargemaster fan Ljouwert
dat se deroan komme, frutti di mare,
mei triennen en moed, farsk út ‘e brâning.

De boargemaster fan Ljouwert
hâldt in feestje foar de mienskip,
om de iepen mind fan Europa te fieren
en ropt bliid: lit se mar komme,
wat positive ynbring is wolkom,
it keallet hjir swier, Friezen bin dreech.

De boargemaster fan Palermo
sjocht yn syn notysjeboekje en suchtet:
noch tsientûzen boargemasters
te gean, de measten sûnder feest.

De boargemaster fan Ljouwert wurket
oan syn speech foar it kommende jier,
hoe’t er it goede nijs oer dy nije gasten
fertelle sil en dat Europa earne foar stiet.

© Syds Wiersma