Another day in Pyeongchang

23 febrewaris
In koart, farsk kommintaar fan Syds Wiersma op ús nije Double King….

 ANOTHER DAY IN PYEONGCHANG

Killer Kjeld ferslacht mei fjouwer hûndertste
Mister Freeze en is de nije Double King
Kjeld bewarre by falske start en tricky krusing
Rekkenmaster Orie syn koartslippe wyld fleis
Dy fuckingflokt syn skema’s út ‘e skybroek
Wennemars rattelet alwer fan Bizar nei Bizar
Rintje bear sjocht it is goed as in âld-kampioen
Team Kjeld stroffelstuitert fan de tribune
Mei Heit en Jill, en alle neilbiters foar de buis
Us Trijekleur in fleurich karaoke op ’t Wilhelmus
Mei wythite tosken dy’t boartsjebite op it Goud
Maalderink freget om IT Wurd oer de Race
Djip sitte Gas jaan, Djip sitte Gas jaan
De tredde dûbelheld nei Heiden en Boucher
Lorentzen glimket bliid, fynt it bitterswiet
In sulveren ferliezer, gjin spatsje Freeze
No mei Kjeld sicht op in wike strange Froast
Foar in hearlik potsje Curling op natoeriis.