Trumpet City

8 desimber 2017
Oer it trumpsinnige gesjacher mei Jeruzalim ein 2017 skreau Syds Wiersma it folgjende gedicht:

TRUMPET CITY

Soe de stumper de stêd oait befield ha,
dan jeremiearde er in flok, in skeet,
in tút tsjin ’t geweld op ‘e kleimuorre,
syn each ’n hieljend hert yn ‘e rotskoepel,
de fuotten pûsters troch sân poarten skuord.

In wrâldlieder dy’t Golgota ferstiet,
net op ‘e flecht giet foar it lege grêf:
sa’n messiaansk wûnder is net noadich.

’t Wie bêst genôch as er wist dat de stêd
Frede betsjut, troch rôfprekers begeard
wurdt, faaks koe er dan frij tinkend sizze:
dit is in dielde Wrâld, gjin Capital,
hjir planten lju te faak har flaggen al
en is in ambassade in gotspe.

Soe de stumper begjinne te fielen
en mocht er de stêd djip allinnich sjen –
ophimele rûnom mar ûnnimber –
dan liet er syn trompetten kastreare,
socht er yn ‘e delling fan de Kidron

Ien memento mori.

© Syds Wiersma