Long time no see

16 jannewaris 2018
Dichter Simon Oosting sit foar syn wurk in jier yn Washington DC. Dêr’t de strjitten gjin nammen mar nûmers en letters ha. En E street op de fytsrûte leit fan syn hûs nei syn work. E street, bekend fan de E street band en de E street shuffle fan Bruce Springsteen. Mei de Starbucks as in plak foar “loners”, hielendal yn in winstersk Washington DC (wat neffens Simon net allinne troch it waar komt).

LONG TIME NO SEE

I
bûten is snie en de hege gebouwen binne as bergen foar it dal hjir Starbucks yn E street
de ramen binne moai en heech mar der is net folle ljocht om trije oere middeis
drinkt in man mei burd kofje mei syn kompjûter sit as in bochelman fan Bosch
in oare man is swart en griis as ik en as de snie dy’t op ’e stoepen raant hy praat tsjin de romte
deklamearret in fers soe it wêze kinne of in monolooch út in grut teäterstik
de boadskip is oars as wat we fersteane de baas efter de bar sjocht it steurt my net
giet mei kofje meitsjen troch it is it lot fan dit plak profeten fan E street

II
mear folk in hastige frou in soan oant de heit mei de auto foarriden komt troch de doar
mar efkes iepen jaget de snie nei binnen Nick freget de baas oan ’e swarte man set dit
efkes dêr del en Nick praat troch no tsjin my no girl no dancing no more en set
de termoskanne mei waarme molke by de leppels de servetten en de ôffalbak it húske hat
koade 5968 de flier om de pot is wiet faaks fan raande snie mar hoefolle miigden hjir al
oer de tichels it stjonkt mar de sjippe is parfumearre en it hannewaskwetter is kâld

III
noch mear folk en bûten mear snie ik ken de man dy ’t binnen komt it is Bruce
do bist Bruce dochs? jawis en bisto Simon net? it is long time no see ja man de profeten
binne stille dichters wurden hjoed waarden de hjerstblêden wei yn ’e wiete snie de sêfte snie
se raanden wei yn ’e goaten de winterkening hearsket yn ’e kafees de strjitten it lân
wat goed wie is oer mar sil wer komme no earst mar in kofje en wit we wurde wer profeten
en de girls will be dancing as se binnen komme op ’e nij op ’e nij en op ’e nij

© Simon Oosting