doe’t ik sei: ik gean no en dyn antlit
befrear traach op myn netflues
doe begûn myn kâlde flecht
de kreakjende stjerrenacht yn
dêr’t by de remize myn tas ree stie en
mei my gie it doe goed, rûnom sniewyt razen
fan de trein de winter út, ik hime
jit kjeld mar liet dy foar altyd
efter op dat kâlde perron