Tha grimma herne

16 novimber 2017
Oanlieding foar dit gedicht wie de rjochtsaak oer de ûndergong fan de skulpesûger ‘Frisia’ op de Noardsee boppe Skylge. Dizze saak hat koartlyn spile, wêrby’t de reder skuld oanwreaun waard foar de dea fan de trije opfarrenden. It drama barde ein 2010, de jongste matroas waard yn de touwen fûn doe’t it wrak lichte en fersleept waard nei de haven fan Harns. Piter Yedema: ‘It gedicht jout tagelyk ek in byld fan de ûndergong fan Fryslân, mei ham en gram. Tha grimma herne is âldfrysk foar ‘grime herne’, de ûnhuere streken om ‘e Noard.’

THA GRIMMA HERNE

De Frisia stekt fan wâl om skulpen
Ryklik fangst yn ’t wylde skom
wûn en fergiet om wa syn skulden
yn dat grûnleas djip rûnom

Oan board de bút fan it ferline
Wurken dichten striid ferlern
It goud fan de Lutine
Weitaand yn de grime hern

Dea yn de netten strikt in bern
Fûn jong sa jong kaam derby om
Frisia – dyn grime herne
En it grûnleas djip rûnom

© Piter Yedema