De Afgane

5 oktober 2017
De koartlyn ferstoarne dichter Piter Yedema skreau yn 2017 dizze healvillanelle oer syn Afgaanse kleanmakster Sara Fard (25). Sy is eigneresse fan Pardis Dress Service oan it Skavernek yn Ljouwert. Oer Sara en har suske Hasina (21) skreau Ines Jonker begjin septimber in artikel yn de LC.

DE AFGANE

Nij yn de stêd is sij de Afgane
Rikjend pún en razernij
Skriklik giert de sjitterij
Pardis in byld oer oseanen

Oplaapje earst yn nije staasje
Sa’t it knipt is yn winske banen
Naait sy breiden har kreaasje
Nij yn de stêd is de Afgane

Breid te wêzen ivich trou
Om wa’t bleaun is rûst de rou
Nij yn de stêd is sij de Afgane
Pardis in byld oer oseanen.

© Piter Yedema