27 oktober
Dizze wike kaam yn it nijs dat Fryslân ien fan de gebieten yn Europa is dêr’t de yllegale jacht op rôffûgels it yntinsyfst is. Michel de Vreeze skreau der in gedicht oer. De foto is makke troch Reint Jakob Schut.

SJITGEBED FOAR IN ROFFUGEL
Op ‘e waarme streamen fan sa’n middei
oer toermalyn griene tapiten
op syk nei knyn of lytse fûgel
de hauk de mûzebiter …
Boppe fan fuorgen trochskraste fjilden
sjogge wy se plechtich bidden
ear’t se ûnmeilydsum fertikaal
op in ferlern bist dûke
Foar’tst it lêste gebed kriezje koest
wurdst al út it himelsk blau knald
sûnder aan troffen troch in
luchtbuks ladende leffert
Tûzenen rôffûgels glydzje no
oer de ivige jachtfjilden
en wachtsje geduldich oant se
de rotten snaaie kinne
© Michel de Vreeze

