Dêr‘t de ierde
de blauwe himel rekket
de ljurken
transformearje yn flearmûzen,
dêr wenne hy.
In hommelse wynpûst
liet de kearsen flikkerje
petearen ferstomje,
dêr stie hy yn fol ornaat
mei syn fioele.
In ealman ferklaaid
as omstruner.
Ut hokker lân of tiid
bleau in riedsel,
hy sei gjin wurd.
Hy rekke ús hert,
dêr’t de ierde omearme
waard troch de blauwe loft.
© Marten Visser