Sichtberens

19 desimber 2017

In wintersk gedicht fan Jetze de Vries. It komt út it muzykteaterstik ‘Talisman’ dat er foar LF2018 oan it meitsjen is.

Ik bin dyn liif oerstutsen
yn fûnkeljende snie, bûgjend
as in taastende fûgel
gjin mins wist wêr’t we wienen
en doe’t se dikeren wie der tsjinljocht
seagen se wite skiep foar skaden oan
mar in wittenskipper hat tusken de skrassen
lêzen dat we sweefden oer gitswart iis
jûns stie der in ferklomjend swijen