5 desimber 2017
Sinterklaas is fanâlds de beskermhillige fan de seelju. Dêrom nimt Jetze de Vries ús hjoed mei yn syn oantinken oan de HT-race (Harns-Skylge / Harlingen-Terschelling), de keninginnestriid foar de sloeproeiers. By it sloeproeien bealgje lânrotten mei seemansbloed yn orizjinele rêdingssloepen fan skippen en walfiskjeiers. Se dogge dat yn 6-, 8-, 10- en 12-persoans sloepen. De ôfstan is ûngefear 35 kilometer.
HT-RACE (frij nei Odysseus)
op in gleonhjitte foarjiersdei waard myn gesicht
diels bekuolle troch it wite himd
dat as flagge oan de mêst hong
oeral útsicht op see – de bare see
fan fierren hearde ik de kobben
wylst ik my hast neaken ûnder it opspatten
fan weagen beflybkje liet
roeiers fan de foarbykommende sloepen
ho hâlden en tsjin elkoar seinen
O die seun
© Jetze de Vries