Jannie Roodhof

De earste gedichten skreau ik doe’t ik trettjin wie en fan de ‘Yn ‘e line’-skilder Pier Feddema tekenles hie op it Ichtus College yn Drachten. Hy stimulearre my dêr mei troch te gean. Ik bin skoaljuffer wurden en ha 25 jier foar de klasse stien. Yn dy tiid kaam ik net mear oan dichtsjen ta. Nei in swiere hertoanfal kaam ik thús te sitten en bin ik wer begûn mei dichtsjen en skilderjen. De lêste jierren kombinearje ik dat. Ek skriuw ik wol koarte ferhalen. Gedichten en koarte ferhalen fan my hawwe yn Ensafh stien. Der is in fers fan my oer de Luts yn cortenstaal útstanst en dat leit no yn Balk. Der stiet ek in gedicht fan my op in oarlochsmonumint yn Wâldsein. Fierders haw ik gedichten publisearre yn de LC en yn Trouw. Ik bin dwaande mei myn earste bondel.

En un momento dado

Dizze warskôging jildt foar elk
dêr’t in namme op rêst

Noch eefkes en dan giet it los!

Sko-iis skotst al troch de weagen
Wetter dûnset om de fuotten

Kinne wy noch op swimles gean?

It hie nea sa rinnen moatten
mar dochs rint it sa

Myn fuotprint is fierstente grut
en de hoarizon wykt gjin hakke

Driuwhout driuwkelt
tusken hope
en freze.
Wêr fyn ik hâld?

Dochs ..en un momento dado
klatterje ik út it ravyn
en gean fierder op myn paad

De Spaanske titel fan dit gedicht komt fan in film oer Johan Cruijff, dy’t altiten wol in oplossing seach, it momint moat je noch wol jûn wurde