
Ignasi Ripoll (1960) is berne en opgroeid yn Barcelona. Hy is in biolooch spesjalisearre yn ’e beskerming fan fûgels en it miljeu. Hy is fan jongsôf oan in natoerman, wenne as jongkeardel in skoft op in kibboets yn Israël en wurke dêrnei fiifentweintich jier yn de Ebro-delta foar SEO/BirdLife, yn in natoerreservaat mei biologyske lânbou. Hy hat altyd in part fan syn tiid wijd oan kultuer en literatuer en hy skriuwt sûnt syn bernetiid al fersen yn it Katalaansk. Neist miljeuaktivist is er ek aktyf yn in organisaasje foar de ûnôfhinklikens fan Kataloanië en stribbet er foar Katalaanske kultuer en taal. Hy wennet sûnt 2016 yn Nederlân en sûnt 2020 yn Fryslân (Frjentsjer), dêr’t er in famylje, in grientetún en in fyts hat, en trochgiet mei it skriuwen fan fersen yn it Katalaansk. Dy stjoert er nei freonen en set er op sosjale media. Syds Wiersma hat in tal fan syn gedichten yn it Frysk oerset. Tegearre binne se ek dwaande mei it oersetten fan nijsgjirrige Katalaanske dichters yn it Frysk. Om it Katalaanske feest San Jordi hinne – Wrâldboekedei, 23 april – publisearje se al pear jier struiboekjes mei Katalaanske poëzy yn Fryske oersetting.
Terra Les arrels s’innerven envers l’inframon i allà no s’hi enerven ni els verms, ves per on! A fosques treballen el fong i el bacteri i els llombrics, que callen, van fent son imperi. Jo ho adobo amb merda de quatre cavalls i en colliré cebes, moniatos i alls. Creix i multiplica’t, patata, en dolçor i deixa prenyat tot el cavalló! Ai, santa patata! puré del Perú! Que tot l’or dels Inques valgué menys que tu! Ignasi Ripoll Ut: Us aller ierdappel (Frysk en Frij, 2024) Ierde De woartels dy fersprantelje it boaiemlibben yn, dat is gjin oard foar tsjanteljen en wjirms dy bin’ blyn. Yn neare nacht bedije de skimmels en baktearjen en blaukoppen dy swije, sy bouwe har ympearium. Ik skep der stront fan fjouwer hynders oer, bin sipel, knyflok en patatteboer. Win oan, wês fruchtber, jerappel, swiet dier en meitsje rigen rûn en swier. Oh, hillige jerappel, puree út Peru! Al it goud fan de Inca’s jildt minder as dû! Oersetting: Syds Wiersma


