Krapte

yn tiden fan
brânje krapte
hâldt elk fan keunst
en literatuer

it hat wat
wreed poëtysk skoans
jins pantsje jirpels
op te waarmjen mei
in fjoer fan fersen
oer ierappels of
ierappeliters

en op it húske
hat men wat te lêzen
leafst in goedkeape druk
mei rûch papier
dat feit faaks
nofliker en better
as in e-reader

wat is mear wurdich
wat wurden
of in skjinne naad

it kostet
inkeld wat dreamen
oer ivige rom
yn tiden fan dwylsinnigens
krapte oan sûn ferstân

lis dan ta nut fan ’t algemien
yn in KH desnoads
in stedsferwaarming oan
stek dan de brân
yn bergen boeken

lêzen wurdt der dochs al net
útsein troch dyjingen
mei ferheven dreamen

© Gerrit de Vries