Evita Bakker hat har krekt by RIXT oansluten. Dit is har earste ynstjoerde gedicht.
WETTER
Wolketriennen glinsterje oer it wetter
dat de wrâld kear op kear djip yn har
stille gedachten sinke lit
sûnder der wat fan te finen.
It waar kâld en griis jout hjoed gjin sinne frij.
In donker gerdyn lûkt oer de wjerspegeling
fan har tiidleaze dining nei ûneinichheid
der’t de dea har nea fynt.
It langjen nei in thúskommen sûnder
it langjen te fielen, in stimme har ûntnommen.
Batskjende weagen oerhearskje elk lûd
dat om ferlossing ropt.
© Evita Bakker