Gjin inkel libben paste him mear

Yn it kjelle gerdyn fan skriemende loften
hinget er de dea op as in jonge kat
dy’t skiere winters iepenskuort.

Syn libben in fierstente krappe jas, barst er
út de wekkere wrâld. De stilte, slûchslim,
swijt dat ademjende kjeld, op toertocht,
troch útskuorde dagen swalket.

Sels it iere moarnsljocht strompelet net langer
de snoarkjende treppen nei syn sliep bydel.
Yn syn lege blik hinget in winterwolk stil
dy’t de blauwe see fan syn eagen ûndersnijt.

© Evita Bakker