Foto: Aukje Overal
Beart Oosterhaven (Hitsum 1956) wurke yn it ûnderwijs en ’e learmiddelûntwikkeling en wie dêrnei oant maart 2020 yn tsjinst fan ’e Fryske Akademy as taalkundige, wittenskiplik redakteur en musikograaf. Fan 1989 ôf wie er dêrnjonken as muzykredakteur ferbûn oan efterinoar de tydskriften Frysk en Frij, Hjir en Ensafh / www.ensafh.nl en ’e fjouwerdielige Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (2016). Sûnt de njoggentiger jierren fan ’e foarige iuw makket er geregeldwei muzykprogramma’s en podcasts foar Omrop Fryslân. Fan 2000 oant en mei 2006 en yn 2012 wie er foarsitter fan ’e faksjuerys fan ’e festivals Liet en Liet International. As dichter publisearre er trije bondels. Yn ’e lêste dêrfan, Koarde fan ’e tiid (2017), binne ek Fryske oersettings fan lietteksten fan û.o. Leonard Cohen, Tony Joe White en ferskate bluesartysten opnommen. Audio-ferzjes fan ’e bluesnûmers binne te hearren op it cd-album Rau, blau en gau. Live Blues In Frisian, dat Beart Oosterhaven yn 2001 makke mei de band Chickens Go Mad. It elpee- en cd-album Suver as de blues. Alve kear Leonard Cohen yn it Frysk, dêr’t Beart Oosterhaven de Fryske oersettings foar makke en ’e útfierende groepen en solisten foar útsocht hat, leit by platemaatskippij Universe Productions yn Ljouwert klear om útbrocht te wurden.
Yn ’e earste moannen fan 2025 wie Beart Oosterhaven yntinsyf dwaande mei in passy fan him: klassike muzyk yn en út Fryslân. Hy hie in rige radio-items (op sneintemoarns yn it Omrop Fryslân-programma ‘Buro de Vries’ tusken 11.45 en 12.00 oere) en makke mei Willem de Vries de podcast ‘It sulv’ren wetter’ (tusken 26 jannewaris en 6 april 2025 alle wiken in nije ôflevering). Dêr wiene ek in soad lieten yn te hearren dy’t oarspronklik as gedicht de wrâld yngien binne. Beharkje hjir de podcast It Sulv’ren Wetter oer klassike muzyk út en yn Fryslân.
De krektneamde podcastrige ‘It sulv’ren wetter’ krijt yn 2026 in ferfolch! De titel is dan lykwols ‘De fûgel yn dy’ (nei in nûmer fan ’e band Reboelje) en it ûnderwerp: 60 jier popmuzyk yn Fryslân 1965-2025.
Yn ‘De fûgel yn dy’ komme yn 11 ôfleverings fan in oere, op alfabetyske wize – fan The Amp oant Zea – mar leafst 111 groepen en artysten mei harren meast karakteristike nûmers foarby. Op sa’n wize ‘reizgje’ Oosterhaven en De Vries net allinne by alle wichtige muzyksjenres en -stilen út it tiidrek 1965-2025 del, mar kinne se ek omtinken jaan oan ’e popmuzyk en ’e steds- en streektalen fan Fryslân. Fierder wurdt û.o. stilstien by wêr’t de ûnderskate groepen en artysten yn Fryslân harren basis hiene, wêr’t se yn harren lietteksten en muzyk troch beynfloede waarden, hoefolle en watfoar albums oft se makke hawwe en oft se ek bûten Fryslân fan belang west en publisiteit krigen hawwe. Oosterhaven en De Vries fertelle dêrbý in soad nijsgjirrige saken en ek anekdoates oer de acts.
KLASSIKE ROCK
wy skriuwe / skreauwe
it eardere libben út
as in solo
fan Ritchie Blackmore
yn noatebyld
en eigen taal
Deep Purple
swarte nacht
bern yn ’e tiid
in nuveraardich frommes
en
reek oer it wetter
it konsert
foar groep en orkest
ûnder lieding fan
Jon Lord / Jehannes de Hear
© Beart Oosterhaven
Ut: Ensafh nû. 2, 2010, s. 42-43

Tekening by it gedicht: Hendrik Elings


