2 maart 2018
Ja, it kin! Ride op ‘e Dokkumer Ie. Anne Feddema seach it en skreau dit gedicht.
BLINE RIDERS
Yn ’e bûging fan ’e
Triljende line
Blau-blierread
Winterdeiljocht
Seach ik it
Foaroerbûgde trio
Riders op ’e Ie
Ja!…It koe!
It die bliken:
Trije gewûpste
Stobbewylgen
Ik moat nedich in bril
Nammers foar alle tiidromten
Mar wat koenen se hurd
© Anne Feddema
Foto: Jan Kalma