Foto: bobdeboerphotography
Mei dichter-skriuwer R.P. Sybesma (1894-1975) as pake en dichter Sybe Sybesma (1924-1986) as omke wie de poëzij, yn it bysûnder de poëzij yn it Frysk, nea fier fuort. Rint Sybesma syn earste bydrage oan de lyryk yn it Frysk bestie út oersettingen fan trije fersen fan de Sjineeske dichter Wen Yiduo, publisearre yn Trotwaer yn 1985:
Knip dyn eagen mar stiif ticht
Dan sil ik dy sliepe litte, sil ik dy sliepe litte
Ik sil dy oe sa foarsichtich mei giele ierde bedekke
En it papierjild dwarreljend dwarreljend fleane litte.
(út: ‘Faaks, in roulietsje’)
Yn 1993 folgen oersettingen fan gedichten fan Mao Zedong (ek yn Trotwaer).
Fryske poëzij fan eigen hân, mar ûnder de namme Ruerd Smaling, ferskynde in fearnsiuw letter, yn it lêste nûmer fan 2018 fan Ensafh. Yn 2025 wie er ien fan ’e winners fan De Gjalp, mei it gedicht ‘Mem’.
Sjoch hjir it poëzyfilmke dat troch it Frysk Film en Audio Argyf fan ‘Mem’ makke waard.
Neist gedichten skriuwt Rint Sybesma (meast as Ruerd Smaling, mar soms ûnder syn eigen namme) ek koarte ferhalen, dy’t ôfprinte binne yn Ensafh, De Moanne en it Friesch Dagblad. In bondel mei ferhalen kaam út yn 2023, ûnder de titel Hoe’t in minske besibbe rekket (Het Nieuwe Kanaal).
Rint Sybesma wennet yn Leiden en hâldt him dêr, oan de pleatslike universiteit, dwaande mei ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan (de syntaksis fan) de talen fan Sjina.
Sjineesk banket Tink oan dy fisk, myn leaf, dy’t sûnder’t ien der oan west hie mei kop en sturt en each en kiuw ôfromme waard –Dy is fergees ferstoarn –Gelokkich wie syn libben ek fergees
Grime tiden Oft ik wat leafde sjen litte koe, fan acht oant tsien, mei kofje nei en wat derby: se hienen tocht oan spekkoeke, mar ja, dat “spek” — reepkoeke dan mar of sûkerbôle swiet Oft ik in beamer nedich wie Ik sei, wy kinne sûnder: ik bring in oar deiljocht en projektearje de bylden dy’t ik fan jim netflues ôfskrabje út jim eagen weisûgje fan achter jim foarholle wei tefoaren skuor op ’e bline muorre fant ferjit en sa ferheegje ik fan acht oant tsien de healweardetiid fan grimmitigens folslein’ yneinens benaudens jins ried te’n ein wêzen Ferdôvje, útwiskje ek dat is leafde


