Sylke Kingma

Sylke Kingma (1998) is in Fryske skriuwster. Se is berne yn Stienwyk en hat har jeugd yn Rie trochbrocht. Sylke studearre sosjaal wurk yn Ljouwert en is drok dwaande mei fierdere ûntwikkelingen yn har fakgebiet. Har ûnderfinings yn ‘e persoanlike begelieding binne in ynspiraasje foar har fersen. De wrakselingen dy’t it libben meibringt wol sy fêstpakke, opskriuwe en fierder útplúzje. Faak skriuwt sy oer dit soarte besteanswrakselingen en mei in holistyske fyzje besiket se oaren te motivearjen en te ynspirearjen ta ferbining. De grutste ynspiraasjeboarne foar ferbining fynt se tichtby hûs: it lânskip, it Waad. Sûnt 2024 is Sylke aktyf as mei-projektorganisator fan Diele fan it Waad, in jierliks poëzijprojekt wêryn’t de ferbining tusken minsk en lân ta utering brocht wurdt.

Earne hjir

Earne hjir haw ik

Wjukwylde wurden foar fûgels
Dûkeltsjedraaiers
Sweefswalkers
Wyndûnsers

Smeltswiete wurden foar myn leafdes
Hertefjoerkes
Leaveleafstelingen
Sielestrielers

Gleongleie wurden foar rûkersguod
Fearrefachtwurden foar myn fielen
Leaflangjende wurden foar it langstme

Ferealdreame kin ik
My wuolje yn trieddetinne tekkens fan tinzen
Lidwurdlaitsje, dangelwurddûnsje
Smûksprekke, passyprate

Mar de wrâld wekkert my rûch
Sprekt myn ferkeardferstean
Wurden dy’t tekoart sjitte
Dêr’t gewearen tefolle

Gjin sielestrielers
Gjin wyndûnsers
Gjin ynlibjen foar oerlibjen
Gûlendelûden fan lûdgegûl

Weromwuolje wol ik
Earne hjir

De tekken fan tinkeltinzen yn
Dêr’t fielfertellers de rûchrazers stilstelle
Fröbelfantasij de stikkene siel heilhielt
Dûkeltsjedraaiers dûkelje
Leaveleafstelingen leavje

Dêr

út de bondel:
Fier dyn eigen Taal (Frysk en Frij, 2025)