Myrte Marije Veenbaas

Myrte Marije Veenbaas (1986) is dichter en skriuwer. Se groeide op yn Amstelveen en  wennet tsjintwurdich yn Amsterdam. Simmerdeis ferbliuwt se yn Fryslân: ‘Amsterdam is myn thús en yn Fryslân leit myn siel.’

Nei it gymnasium brocht har leafde foar taal en literatuer har nei de Universiteit fan Amsterdam, dêr’t se literatuerwittenskip studearre mei minoren yn de Nearlandistyk, Ingelske en Frânske taal en kultuer.

Troch in persoanlike syktocht nei har famyljeskiednis ûnder de lockdown, ûntduts se har eigen literêre stim. Se folge in kursus poëzij skriuwen oan de Schrijversvakschool en fûn dêrnei har paad nei it dichtsjen en skriuwen yn it Frysk. By it ynslaan fan it (Frysk-)literêre paad waard se ynspirearre troch har heit en omke (Redbad en Jabik Veenbaas).

Myrte groeide oardeltalich op: thús wie Hollânsk de fiertaal, mei in Fryske heit en in mem út de Noardeastpolder. Troch Fryske leskes, it lêzen fan Fryske boekjes en útfanhûzjen by pake en beppe krige se in goede basis yn it Frysk mei. Yn ’e koroanatiid stapte se mei har heit folslein oer op it Frysk en learde sy Frysk te skriuwen.

Myrte debutearre yn 2024 yn Ensafh mei seis gedichten, dêr’t fiif fan rjochte binne oan har foarâlders en mem. Yn datselde jier waard se einredakteur fan dit tydskrift, dêr’t se noch altyd geregeld fersen yn publisearret. Mei it gedicht ‘held op sokken’ – basearre op har pake, in traumatisearre fersetsstrider – wûn se yn 2025 de Gjalp.

Nei it hommels ferstjerren fan har mem yn 2025, begûn sy oan in rige skôgingen oer rou dy’t se yn 2026 publisearje wol. Dêryn besiket se opnij betsjutting te jaan yn tiden fan ferlies.

Ek wurket sy oan har earste boek, Tusken Earizer en Striid. Dêryn ferbynt se de skiednis fan har Fryske foarfaars út de boerestân mei maatskiplike ûntjouwings yn in tiid fan krisis, oarloch en feroarjende machtsferhâldingen tusken 1900 en 1950.


Moedertaal

ik dreamde fan in kwelderboer
mei driuwpôlen as fingers
syn faam, redens om ’e nekke
hold it izer tsjin myn hert
is frysk wol jo memmetaal?

ik fertelde fan myn bernetiid
makke fan ús stedspark in pleats
ik tute mei in boeresoan
tusken waarme koweliven

praatst te geef, rôp de faam
de kwelderboer krige my beet
spuide seadden yn myn kiel
ik koarre gooischke r’en út
de faam kleaude myn tonge

út de spjalt woeks in pompeblêd


út de bondel:
Fier dyn eigen Taal
(Frysk en Frij, 2025)

 

Pinksterblommen

ik sjoch dyn kûten noch
se skeaten kûgels
dyn fel yn reedriderspak
no in boerekyl
pinksterblommen falle út ’e ploaien
plôke sechstich jier lyn

yn dyn papieren hannen lês ik
ferhalen út in âld berneboek
op it wjerlûd fan dyn jonge heitestim
dy’t noch klinkt yn de spilen

allinnich dyn blik ferjit de jeld
griis hier as wachter oer
twa blauwe jongeseagen
se sjogge de maitiid –
in sleat om oer te ljeppen


Ut: Ensafh nû 2, 2025