Tomas Dalgaard

Berne 1965
Deensk skriuwer út Århus
Debutearre yn 2013 mei de dichtbondel Rettidig Ømhed (Yntiidske Tearens)
Yn 2018 ferskynde Den fuldendte fusker (De folmakke ferlakker)
Opnommen yn de Frysk/Deenske blomlêzing Oar Hûs/Et andet Hus
Krige de Poethklub Århus ûndergrûnspoëzypriis yn 2022


Wat oer it ljocht sjen

Søren siet by my yn ’e klasse
hy gie nei kategisaasje
en lokke my mei de belofte dat der in soad koekjes wiene
dy wiene der dus ek
in knoarre
nei in skoftsje begûnen se te praten oer wa’t it ljocht sjoen hie
dat gie sa de hiele rûnte bydel
doe’t it oan my ta wie fregen se my oft ik it ljocht ek sjoen hie
mar ien kear antwurde ik
doe’t ús mem myn tosk derút sloech op krystjûn

Tomas Dalgaard
(Noget om at se lyset / út: Den fuldendte fusker, 2018)
Oersetting: Martsje de Jong

Wat oer oarloch

Yn Denemarken binne wy sljocht om oarloch
in flugge lytse oarloch lit de rêden draaie
it komt de saken t ’en goede
oft it no foar Terma Mærsk is of foar de begraffenisûndernimmer
de iene syn dea is de oare syn brea
wy krije nea ús nocht fan oarloch
miskien om’t wy in lyts lân binne mei minderweardichheidskompleksen
of Amearika graach te wille wêze wolle
wy binne wakker drok ússels jilde te litten yn ’e wrâld
deadzje laitsjend
fermoardzje minsken dy’t wy net kenne
bombardearje út ’e loft wei
wy helpe mei oan it kreëarjen fan flechtlingestreamen
jouwe ynkoarten 60 miljard kroan út oan nije gefjochtsfleantugen
dy’t gâns út ’e wei sette kinne as wy yn oarloch reitsje mei Ruslân
wy krije nea ús nocht fan oarloch
en heroyske ynspanningen yn ’e frjemdte
wy frette de leagens fan ’e politisy
net ien leit wekker fan in flugge lytse oarloch
útsein de neibesteanden en dejingen dy’t it rekket
wy hearre har net skriemen
sjogge har lijen net
de oarloch is ûnsichtber
dêrom hâlde wy fan oarloch
it docht ússels net sear

Tomas Dalgaard (Noget om krig / út: Den fuldendte fusker, 2018)
Oersetting: Martsje de Jong