ik lei de krante del en sei
de wrâld is in stâl wêryn’t we wachtsje op ús miel
of it fretten út ‘e kroade skeppe
oan ‘e ein wachtet ús in trôch yn ‘e modder
de glinsterjende heak fan ‘e slachter
of it maachsoer fan in oar
sy sloech it boek ticht
die de kaugom út ‘e mûle
en stoarre my oan
ik sette troch mei
de wrâld is in toaniel
alle bisten en dingen derop en derûnder
krije in rol en in stikje woarst
bouwer of fernieler
liuw of laam
de wrâld is in winkel
besocht ik op it lêst
wat fynst fan ‘e toanbank?
is it ljocht te skel?
it fleis read genôch?
sy gappe en troppe it stikje kaugom
© Tsead Bruinja

