Obe yn syn lân

2 april 2018
Yn it iepeningswykein fan Toer, Ark en MeM oandacht foar in no al fergetten plakje yn Lân fan Taal: de stien mei it gedicht Prinsetún fan Obe Postma. Dy is der foarige wike dellein, presys ûnder it kantoar fan Geart de Vries, de direkteur fan Histoarysk Sintrum Ljouwert. Dy de iepening foel it Syds Wiersma op dat der in soad memorearre waard, mar dat dit nije, beskieden mar taalrike plakje yn it lantsje fan taal net neamd waard. Sa’n omissy fertsjinnet in gedicht, dêr’t ek in túfke Peaske yn sit.

OBE YN SYN LAN

Griis en beskieden leit er yn syn lân
fan taal, ien fers op ien stien, oerkape
troch it swurk fan de stedsargivaris.
Dat dy oait oer syn wurden weitsje soe,
dat moast sa wêze, lykas syn útsicht
op de krûmterptoer, de kyk-en-klankkast
dy’t syn namme draacht en foar it tsjerkhôf
taal as wie ’t in leedoansizzer rippeteart.
Sssstt! De dichter njundert nei it paviljoen.
Hy hat it oer de hjerst fan ús libben
en dat ljochte dagen kommen bliuwe
want dizz’ dei haww’ wûndere krêften wâld.
Sa âld en noch sa trinten sjongt syn stim.
Licht rymke bromt as ’t folk de dyk oer komt
om ûnder MeM har rokken de runen
fan ’t gebeart út dôfheid op te djipjen.
Dan op ‘e strún nei semafoar en dna.
Foar wa’t net wit dat hy om ’t hoekje leit,
it deart him net, it sliept en sil bestean.

© Syds Wiersma