Trinten as in flinter

Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands. Hy waard op 23 jannewaris 2019 ynstallearre. Tsead sit ek by RIXT. Dêrom like it ús moai om de gedichten dy’t er as Heitelânsdichter skriuwt yn Fryske oersetting ek op de webside fan RIXT te publisearjen. Hjir it twadde DdV-gedicht fan Tsead. De oanlieding is de klimaatmars fan hjoed. De Fryske oersetting is fan Geart Tigchelaar en Syds Wiersma.

Trinten as in flinter

ik woe dit gedicht striidber begjinne út myn linkse bubblicious bubbel wei
de kliber ûntkenners bangeskiters en jaknikkers in bytsje narje
en de befleine skoaltsjeskûlers noch wat opstoke mei

jimme soene net thús bliuwe moatte wylst wy marsjeare
jimme soene net braaf petysjes diele moatte en algoritmes fuorje
jimme soene net dat mobyltsje opkrije moatte om ta te sjen
hoe’’t oaren op twitter of instagram har ynsette foar jim takomst
oer seis jier fret it hiele ynternet in fyfde fan alle stroom
de rest wurdt fergriemd oan djipfriezers dêr’t moalwjirmen en seewier
kâld holden wurde om letter troch in 3d-printer
as bloedreade steak op dyn board dropt te wurden
it komt allegear goed

ik woe dit gedicht begjinne mei de wurden fan in jonge marsjearder
dy’t as salescoach grutsk lieding jout oan in tiim fan donaasjebellers
hy seit dat minsken emosjonele wêzens binne en dat de neef fan freud
dat prinsipe al krêftich ynset hat yn de jierren tweintich
hy makke smoken seksy foar froulju en stie oan ’e widze fan de reklame
fan him learden wy te langjen nei guod dat wy net noadich ha
bussen fol pakketsjes meitsje ús stoepen no ûnfeilich
dat is goed tsjin de wurkleazens
goed foar de keapkrêft

ik woe dit gedicht striidber begjinne
nei’t ik nei gil scott-heron harke hie
de rapper dy’t yn 1970 rôp dat de revolúsje net op telefyzje komme soe
ik kaam net folle fierder as

de demokrasy is net fan it skerm mar fan ’e strjitte
de demokrasy hat gjin stjoertiid noadich op in barkruk by de wereld draait door
de demokrasy hat dyn stimme en fuotten noadich
bemuoi dy dermei bûten it stimhokje om
driuw drystmoedich troch

want alle politisy ha in mailadres
en m.rutte@tweedekamer.nl lit dy gjin plaatsjes sjen
fan patrys toarteldo wylp of waarlamke
hy lit dy syn tosken sjen (of syn fûsten)
as in gorilla dat docht bedoelt er it net ferkeard
wês in earkrûper trinten as in flinter
om dyn tsjinstanner hinne stek ta as in bij

ik woe dit gedicht ôfslute mei de ein fan ’e tiid
kinst net tomkje op facebook
mar ik woe jim de advertinsjes net ûntsizze
ik woe jim wat freegje

jou jim bern in wrâld dêr’t se bern yn doarre te krijen
jou har noeden omtinken
jou har tiid

@Tsead Bruinja
Oersetting: Geart Tigchelaar, Syds Wiersma

Klik hjir foar de Nederlânske ferzje.

 

 

Easterwierrum

Hjir it gedicht dat RIXT-dichter Henk Nijp spesjaal skreau foar
Ús Festival yn Easterwierrum en juster by it festival foardroech. It
gedicht dat Aggie van der Meer foar itselde festival skreau en
foardroech, pleatse wy sa gau mooglik.

Foto: Udo Ockema

Easterwierrum

der leit in doarpke yn ’t grien tusken Aldfeart en de Dille
dêr kin’ de minsken mei-inoar in protte tille
in âld buert ienris yn ’e knipe, moast om rommer plak
de buorskip waard fertôge; balke, stien en allemans dak
iensum stiet dêr inkeld noch in toer, hy hâldt de wacht
oer doarp en pleats en hôf, by dei en yn ’e neare nacht

by ’t winter keal en grau; in huverige hoeke
yn ’e maitiid mei helder ljocht, it nije grien oan elke tûke
in paradys gelyk, mar hoesa foar ‘tevredenen en legen’?
de holle leech en rommer sicht, wa komt dat net gelegen …
even los fan sleur en waan, it aldendeisk rumoer
it bliuwt fan wearde, dat plak, it hôf en dy ‘âld toer’

oer Tsjerkebuorren werom nei ’t Altenburg- en Boersma-laach
dêr freegje: ‘fan wa bin’ jo ien?’ is wat in frjemde fraach
it antwurd leit al yn himsels besletten, is fan gjin belang,
it is al jierrenlang itselde en bliuwt dat grif noch iuwenlang
want folk is hjir honkfêst, fergroeid mei grûn en loft en freon
hjir giet men foar de neiste troch it fjoer, al lôget dat ek gleon

gjin ûntkommen is der oan, Do Komst! sûnder dy kin’ wy net begjinne
keatse, korps, toaniel, it koar, simmerdeis de merke; dêr móatst hinne
de escape-room, kaarte by de soos, biljerte, Rutgers yoga en it berne-iepenloft,
fertier by ’t soad; it liket wol as hjir de boel ûntploft!
Mar yn ’e smûke pluktún oan de Swette ûnder ’t skaadzjend beamtegrien
ha jo kar út swellen, griente, rêst en blomkeguod fan afrikaan oant balsemyn

Hynstewaad, Tysker, Fôlefinne nammen dy’t wat de rook ha fan histoarje
– al hawwe tiden tiden- stiet it doarp der altyd noch yn folle gloarje
mar fan ’t fossile moatte wy no hast wol ôf, sa wie de redenaasje
sa rint men hjir no enerzjyk foar de troepen út mei EKE, ús koöperaasje
ynkoarten op elk gebou en hûs noch sa’n swart panielen dak
dan hellet Easterwierrum it jier 2040 mei gemak

mar de Mounestrjitte sûnder mûne, in leech kafee, tsjerke gjin pastoar,
de smid hat inkeld noch in etalaazje, dochs Bootsma hâldt noch kantoar
en Sypersma’s garaazje…; no mei wasserette anneks poetsgelegenheid!
Ids lasket benei de fonken út ’e klompen, brûst fan kreativiteit
sa as it tsjerkebier aanst skommet oer de glêzen, wurdt hjir it libben libbe
it doarp, de minsken foar en mei-inoar, sa tige nau besibbe…

de man rint op hûs oan

In gedicht fan Tsjisse Hettema nei oanlieding fan de berjochten oer it fuort-egalisearjen fan histoaryske skiedingssleatten en beamwâlen om Bitgum/Bigummole hinne troch de boeren. Hettema groeide op yn Bitgum. It proses dat dêr en ek oars yn de provinsje plakfynt, makket him mismoedich.

FNP: coulisselandschap ‘fan provinsjaal belang’

de man rint op hûs oan
ûnder him trillet it lân
nei in nije oardering

in helm soe er hawwe moatte
mei de modernste middels
om de rûs fan midsiuwske wettergongen
benei te kommen

woartels lizze neaken
boppe de grûn gûle de beammen
fol yn blêd
neist djippe kraters
spoekgûle de geasten

patroanen sjitte hinne en wer
troch de holle fan de egalisearder
doof tinken rommet elk gefoelich lûd

sa moai linich lit
hûnderten jierren skieding
him oan kant skowe

gjin punt

Bestean en net

Troch it gedicht ‘Rigels‘ fan dichter Jacobus Smink (okkerdeis ferskynd op Ensafh) skeat Edwin de Groot, by RIXT moannedichter fan maart, in gedicht fan himsels yn it sin. In fariaasje op de problematyk fan Jacobus. Der binne rigels, mar tagelyk binne se der net. Sa as Ettore Majorana, de geniale natuerkundige al yn de foarige iuw (jierren ’30) bewearde dat der dieltsjes wêze moatte dy’t harren eigen anty-dieltsje binne. Se binne der dus wol, mar ek wer net. Net te befetsjen, krekt as dy rigels dy’t der net binne, wylst ik se foar my haw.

Bestean en net

foar Ettore Majorana

neist it bêd pinne en papier foar as
yn de ferljochte gewichtleaze moarnsdreamen
dêr’t de natuerwetten net jilde, wurden yn, út en
troch it brein fleane, ik sûzerich de notulen meitsje

by werhelling blykt dat om ’e nocht
ynfallen yn it rûnom as hinnefoer delstruid
sa ûnbegryplik en ûnmooglik as de Penrosetrep

matearje tagelyk anty-matearje, in fel fol in fel leech
wat skreaun is dearlik te sink gien
sa as Ikarus foel

Hinke Veenstra nije dichter fan RIXT

Hinke Veenstra is yn 1958 berne yn Garyp en wennet sûnt 1993 yn Drachten. Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn har libben. Dat is net allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har skilderijen. Hinke har wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In oantal teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube.



MAITIID

suver neaken
makket se har yntree
krekt of komme we
har oer ‘t mad
ûnopfallend nimt se
har posysje yn
it hat mei skamte
neat te krijen
se nimt de tiid
har mei laachje
foar laachje
oan te klaaien
en docht dit
mei belied

Lês en sjoch fierder by RIXT

Wolkom flomke

Hoe koene wy
salang sûnder dy,
ha wy slomme?
Do hast, mei dysels,
ús hert ferromme!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Fuort mei de flodze
en de prom,
tenei bisto it,
dêr’t ús bestean
om draait!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Ferjit de fagina,
de fulva,
de kut en de kuntha.
Sa eigen bisto,
as hiest der altyd west!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

In bytsje preuts
of ûnbeskromme,
elk kin dy fine
snoad of dom
en sûnder tomtom!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

It bloed sil troch
d’ieren swinge!
Fan no ôf oan
silsto de Friezen
op d’ierde bringe!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!

Mei dy
binne wy
de takomst treast.
Preast!
Op flomke!

Wolkom flomke
op ’e wrâld!
Wolkom, flomke
kom!

@Janneke Spoelstra

Trijefâldige les: Oer hoe’t jo komme by it krûpyntsje

Yva Hokwerda skreau trije farske flomke-fersen en droech dy ôfrune woansdeitejûn foar op de Grote Vaginavond fan Iepen Up Live. Jo kinne se noch even rêstich neilêze.

Trijefâldige les: Oer hoe’t jo komme by it krûpyntsje
(foar de IepenUp Vaginavond, Ljouwert, 27-02-2019)

Les 1
De fagina dêr’t jo faaks oan tinke is in konsept fan 3 dielen

As jo by Fagina tinke: KUT!
en dan dat labiale plaatsje foar jo sjogge,
dan ha jo it by de koarte ein
jo binne mis. Man, jo binne ’n sleauwe tut.

Klik hjir om fierder te lêzen (pdf)