Dien L. de Boer wennet sûnt 2005 yn it lanlike Eksmoarre, nei’t se jierren tahold yn Amsterdam. It wide en iepene fan it Fryske greide- en wetterlân is werom te finen yn har poëzydebút ‘Niet het moment maar het nagonzen’ (Palmslag 2014).
Yn 2008 begûn se mei it organisearjen fan it poëzyfestival Dichter op de Deel om in poadium te bieden oan oanstoarmjend en Frysk talint, en om in tal bekende dichters ûnder de bynten fan har stjelppleats foar it fuotljocht te bringen.
In grut ferskaat oan stimmen hat al klonken op ‘e Deel, ek dy fan de ferstoarne dichters Tsjêbbe Hettinga en Menno Wigman. Om it earste lustrum te fieren waard der úteinset mei in oersetprojekt dat sûnt diel útmakket fan Dichter op de Deel: hieltiten wurdt der ien gedicht fan in Nederlânsktalige dichter yn it Frysk oerset en foardroegen. ‘Groeien’, it gedicht fan Dien dat hjirûnder pleatst is, waard by dy gelegenheid oerset troch Tsead Bruinja.
Webside: www.dichteropdedeel.nl
Groeien in één beweging samen met blonde en zwarte lokken verdwenen mijn haarpunten én het kappersgeklets op het einde van de dag in het salonputje die nacht reisde ik naar een overzees gebied en toen ik ‘s morgens mijn zoon de droom vertelde, zei hij; opschrijven dan kan ik ’m ook dromen net een boot die wordt overgedaan aan een andere man met een droom herten hebben hun geweien en de grond heeft zijn struikgewas - taal uit het hoofd van de aarde die er in terugstroomt © Dien L. de Boer uit: ‘Niet het moment maar het nagonzen’ (Palmslag 2014) Groeie yn ien beweging tegearre mei ljochte en swarte lokken ferdwûnen myn hierpunten én it kapperskletspraat oan `e ein fan `e dei yn it salonputsje dy nacht reizge ik nei in gebiet oare kant de see en doe't ik moarns myn soan de dream fertelde, sei er; opskriuwe dan kin ik him ek dreame krekt in boat dy't oerdroegen wurdt oan in oare man mei in dream harten ha harren hoarnen en de grûn hat syn strewiel - taal út `e holle fan de ierde dy't der yn weromstreamt. © Dien L. de Boer, oersetting Tsead Bruinja uit: ‘Niet het moment maar het nagonzen’ (Palmslag 2014)