Marc Kooij (berne Snakkerbuorren, 18 febrewaris 1966) hat him nei it Atheneum artistyk bejûn op it mêd fan film, muzyk, skriuwen en toaniel. Dat die en docht er sawol solo as yn gearwurkingsferbannen lykas De Zoete Hanen (komponist, performer) en Wyld Hynder Films en yn bands as Intolerant, Utpunkt en de Legendary Jerks. Dêrneist is er aktyf mei webdesign en it begelieden fan minsken, û.o. op kompjûtergebiet. Syn webside is https://www.djkeu.nl
Ynstjoerde gedichten
Alfred
Waarmje myn tean (20 july 2018)
It fuotbal en de sinne (31 july 2018)
Skuorren folgje it túch (22 maart 2019)
ALFRED ik kaam Alfred tsjin hy hie in goed sin hy sei Keu jonge trije hynders lûke de wein trije hûnen pisje oer dyn kiste trije katten frette oan dyn fuotten hast dat sels sjoen? Keu jonge trije froulju fjochtsje om dyn bêd trije manlju smite bilen nei dyn hert trije stjerren bringe dy nei it easten Alfred, bist dêr wis fan? Keu trije ferskes ta dyn eare trije brieven mei dyn namme trije meldijen mei dyn gloed trije skippen farre op dyn jild ik liet it yn my omgean en tocht trijeentritich trijehûndertentrijentritich trijetûzendtrijehûnderttrijentritich trijeentritichtûzendtrijehûndertentrijentritich trijehûnderttrijentritichtûzendtrijehûnderttrijentritich skepen en ik tocht dizze is foar Alfred trije tunen fol mei dyn blommen trije sankjes oer leafde en smert trije hannen striele dyn hert dizze is foar Alfred