Peazens Moddergat

lêste treden dan de kop fan ‘e seedyk
hillige doar fan sulver stiel iepen
each yn each mei platen en slikken
muontsen sjonge efter it eilân
koralen rôljen op ‘e weagen oan

fonken seeskom flamje yn wite wolken
weagen hinnewerje om ‘ e blauwe klaai
peallen hâlde in stik slik yn ‘e stringen
sâlt wetter sêdet sompige seadden
eltse fuotprint ferdwynt yn ‘e see

de earringsslynder wie eartiids in pinguin
wat wei wurdt komt likegoed wer werom
drinkeldeaden lizze foar anker yn stien
efter de dyk ûntlutsen oan ‘e weagen

©  Yttje Cnossen