Berne yn Ljouwert en twatalich grutbrocht. Omtinken foar taal siet der al jong yn. As lyts famke fernuvere se har der oer dat guon omkes en muoikes Frysk praten en elkoar dan lykwols ferstean koenen. Op ‘e legere skoalle wûn se mei in opstelwedstriid twa grutte flessen coca-cola. Dêrnei begûn se mei it skriuwen fan gedichten wêrfan in oantal op ‘e dichterstelefoan te beharkjen wienen. Nei in jierrenlange stilte ferskynden gedichten op ‘ e Fryske Skriuwerskalinder. Foar de beide Fryske deiblêden skreau se koarte ferhalen. Ek wienen der publikaasjes yn temaboeken, lykas yn in sportbondel en in krystboek foar bern. Tema’s yn har ferhalen binnen deistige dingen mei in túfke humor. Yn ‘ e gedichten komme ferskate ûnderwerpen nei foaren, lykas gemis, natuer en stilte. Meastentiids binnen it frije fersen, mar ek sonnetten komme foar. Dan makket se noch lietteksten sa as de Krysttiidblues en Katteskyt. Se hâldt der in trijtalich weblog op nei.
Ynstjoerde gedichten
Peazens Moddergat (maaie 2018)
Corona (febrewaris 2020)
1956 (febrewaris 2020)
Plein (maart 2020)
PEAZENS MODDERGAT lêste treden dan de kop fan ‘e seedyk hillige doar fan sulver stiel iepen each yn each mei platen en slikken muontsen sjonge efter it eilân koralen rôlje op ‘e weagen oan fûnken seeskom flamje yn wite wolken weagen hinnewerje om ‘e blauwe klaai peallen hâlde in stik slik yn ‘e stringen sâlt wetter sêdet sompige seadden eltse fuotprint ferdwynt yn ‘e see de earringsslynder wie eartiids in pinguin wat wei wurdt komt likegoed wer werom drinkeldeaden lizze foar anker yn stien efter de dyk ûntlutsen oan ‘e weagen