Syds Wiersma

Syds Wiersma (Grou, 1963). Yn it deistich libben filmargivaris, is de poëzij syn kreative ferwurking fan de bylden dy’t alle dagen oan him foarbylûke. ‘Foar my is dichtsjen in foarm fan ynkarnearje: in djipper oankommen yn de dingen, gedachten, gefoelens, relaasjes, moetings.’ Nei syn earste dichtbondel Alles wat ik net betinke woe (1992) en in time out fan mear as 20 jier binne der de lêste jierren fjouwer dichtbondels fan him ferskynd: Raffelwjok (2016), de twatalige bondel Twintig liefdes een Saudade /Tweintich leafdes in Saudade (2017), Lân sûnder ljurk (2019) en Skaadhûn (2022).

Op it stuit wurket er oan de dichtbondel It Achtste Antlit, in delslach fan syn reizen troch Ierlân. Ferskate gedichten út dizze Ierlân-bondel waarden de ôfrûne jierren al publisearre yn De Moanne, Ensafh en op de webside fan RIXT.  Wiersma set ek geregeld poëzy oer. Benammen Frysk-Nederlânsk, mar bygelyks ek in rige gedichten  út it Baskysk wei, publisearre yn Ensafh (nr. 6, 2017), en resinter (tegearre mei André Looijenga) V Premiku (‘On the move’), in rige fan seis gedichten fan de Sloveenske dichteres Kristina Kočan, dy’t yn 2018 in pear moanne in skriuwersferbliuw yn Fryslân hie (sjoch hjir). Yn 2022 is er tegearre mei Ignasi Ripoll útein set mei de oersetting fan Katalaanske dichters yn it Frysk.

Yn 2020 waarden twa gedichten fan Wiersma ûnderskieden. Mei ‘De put’ wûn er de earste priis by in poëzywedstryd oer 75 jier frijheid. Foar ‘It Famke’ krige er de Rely Jorritsmapriis. Fierders wûn er yn 2023 de earste Fryske Slam, holden yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘Ik hoopje dat in breed dichterskollektyf as RIXT in nije gearwurking bringe sil yn  de Fryske literatuer. Yn alle gefallen besiket ús kollektyf de poëzij ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. Dat wy dat mei sa’n grutte groep dichters dogge, fyn ik bysûnder en in goed teken.’

Ynstjoerde gedichten
Ynferno (15 septimber 2017)
Trumpet City (8 desimber 2017)
Another day in Pyeongchang (23 febrewaris 2018)
Obe yn syn lân (2 april 2018)
Noardersingel 58 (4 maaie 2018)
Echte helden (8 maaie 2018)
Fucking Brilliant (23 maaie 2018)
Froulju fan Frijlân (28 maaie 2018)
Hylper badpaviljoen (17 juny 2018)
Donderpreek (18 july 2018)
Swarte Pyt yn Grou (11 oktober 2018)
Adieu demoiselle Zelle (25 novimber 2018)
Seeblyn (14 jannewaris 2019)
Sânfabryk foar kliffekust (29 jannewaris 2019)
Mijn tweede stem (25 maart 2019)
Notre-Dame de Paris (20 april 2019)
Wêr wie hy? (12 maaie 2019)
Yn memoriam Fernando Ricksen (25 septimber 2019)
Royal Canadian Dragoons (12 oktober 2019)
Boris (26 oktober 2019)
Bomfoto (22 novimber 2019)
O Seedak Ssss (febrewaris 2020)
Firusnijs (maart 2020)
Oarden fan No-Go (maart 2020)
Oardelskonkjes (april 2020)
Yn moria’s mui (oktober 2020)
De rop fan in trollejong (novimber 2020)
Ús Abe (novimber 2020)
Realia (10 jannewaris 2021)
Sense of place (18 jannewaris 2021)
En bist wekker wurden goed gefoel (31 jannewaris 2021)
Kammeraat (7 april 2021)
Yeats’ grave (7 septimber 2021)
Anvers Anvers (27 septimber 2021)
De hillige berch (30 jannewaris 2022)
Goed dan sil ik deroer prate – oersetting fan de Oekraynske dichter Serhiy Zhadan (20 maart 2022)
Lette hjerst (18 desimber 2022)
Jeruzalim yn in tinte (29 desimber 2022)

 

NOARDERSINGEL 58

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en de spegeljende
beammen fan de Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, ploaien yn ’t gewaad
wurde rimpels út ’n heal fergetten tiid.

Dit ferhaal hat gjin gesicht, de rêch wit
dat er op ‘e list fan tsien Joaden stie
en oppakt waard neidat der wat buordsjes
‘Voor Joden Verboden’ út Ljouwerter
parken pakt wienen, smoargejongesstreek.

It gerucht gie dat er fusilleard waard
yn kamp Amersfoart, mar wy witte no
syn hert joech belies foardat de oare
njoggen op transport nei Auschwitz gienen.
Hy hiet Aron Dwinger, dit wie syn hûs.

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en de spegeljende
beammen fan de Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, as seit er: skriuw ús
foar de tsien fan Ljouwert in nij kaddysj.