Sigrid Kingma

Sigrid Kingma (Drachten, 1989) studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se stiet bekend as poadiumdichter en draacht gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân. Har ynteresse giet út nei berneliteratuer. Se resinsearre in pear jier berneboeken foar it Friesch Dagblad en no is se bestjoerslid fan it Simke Kloostermanlien. Sigrid Kingma hat by ferskate tydskriften belutsen west as dichter, resinsint en columnist. Yn 2016 debutearre se mei de twatalige dichtbondel Reade triedleas/Red wireless. Sûnt dy tiid hat se in oantal ynternasjonale meartalige projekten dien. De lêste jierren is se as dichter belutsen by edukative projekten yn it primêr en fuortset ûnderwiis en skriuwt se in soad op fersyk. Foar it FeRstival leveret se jierliks nij wurk oan. ‘Ik wol my net talizze op ien soart publyk, ien soarte styl of sels ien keunstfoarm, mar mysels hieltyd op ’e nij útfine.’

Oer har dielname oan RIXT: ‘Ik skriuw foar publyk en draach foar om heard te wurden. In netwurk helpt foar de sichtberens en it oansjen fan Fryske poëzij. Dêr draach ik graach oan by.’

Ynstjoerde gedichten
Livestream (12 april 2021)
Kopstikken (26 april 2021)
Negativen (28 april 2021)
Helden (18 maart 2022)

Blommen

Om de tiid te deadzjen
is der in knopke fan ‘autoplay’
dat altyd op dy wachtet

Der is in hiele wrâld fol
as in grut pakhûs mei knopkes
om de tiid te deadzjen

Mar dan hellet de tiid dy yn
as wyn dy’t dy foarby raast
en is der gjin knop ‘rewind’

Om de dea út te stellen
sit der in lyts plestik pakje
mei wyt poeier by elk boskje

Der is in hiele fabryk
en grutte kantoaren foar blompoeier
om de dea út te stellen

Mar dan komt dochs de dea
en dy bringt wer nije tiid
foar jonge blommen

© Sigrid Kingma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *