Piter Yedema († 20 april 2018)

Dichter Piter Yedema ferstoar op freed 20 april 2018. De woansdei dêrfoar hie er noch optreden bij de iepening fan Frijlân, ûnder de reek fan Ljouwert. Op ’e fyts werom nei hûs yn Mantgum waard er troffen troch in hertstilstân. Hy waard noch reanimearre mar ferstoar twa dagen letter. Hy waard 76 jier.

Piter wie de lêste moannen tige aktyf foar RIXT. Hy brocht ideeën en gedichten yn, diskusearre mei oer ús nije namme en webside, en wie yn april ús Dichter fan de moanne. Freon Piter Boersma skreau yn syn Yn Memoriam op Ensafh: ‘Piter wie krekt yn in gelokkige perioade fan syn libben. Net lang lyn wie er pake wurden. Syn dea is in skok, mar in dea as dizze, sûnder lang lijen, dêr kin men foar him bliid mei wêze.’

Yn it begjin fan syn skriuwerskarriêre waard Piter Yedema bekend as in skerp en humoristysk kritikus. Letter bruts er troch as dichter. Boersma: ‘Syn earste publikaasjes ferskynden yn Alternatyf (ek ferhalen) en Trotwaer. Yn 1974 publisearret er foar it earst in ferhaal en resinsjes yn Hjir (de foargonger fan Ensafh). Yn 1975 kaam er yn ’e redaksje fan Hjir, dêr’t er oant 1979 yn bliuwe soe. Yn de rin fan dy jierren en ek noch yn 1980 wie er de wichtichste en in ynfloedryk kritikus (fan poëzy) en (polemysk) essayist fan Hjir. Hy publisearre in pear kear ek eigen poëzy en poëzy-oersettings út it Dútsk. As skriuwer en redakteur hat Hjir in protte oan him te tankjen hân.’

Piter Yedema publisearre fiif dichtbondels. Boarring (1987), Lieten fan de flakte (1987), Under oaren (1987), In iepen winter (1988) en Manneboete (1992). De lêste jierren publisearre er yn de Moanne, it Friesch Dagblad en Ensafh.

Mear oer Piter Yedema is te finen by: Sirkwy

Ynstjoerde gedichten
De Afgane (5 oktober 2017)
Tha grimma herne (16 novimber 2017)
Foar RIXT (4 april 2018)
Fûgeltsjelân (18 april 2018)

 

FUGELTSJELAN

Wreedste moanne is April
Oer de wjuk giet in âldhij
fier klinkt syn twiit tin en skril

Oantins en ferlangen komme frij
út deade grûn in winter lang
De earmoed langer skylk foarby

Doe klonk folút har fûgelsang
Nij libben krijt it ryk allinne
en lokkich libje se noch lang