Martsje de Jong

Martsje de Jong (1975) is hikke en tein op in pleats yn Penjum. Se studearre Nederlânske Lânbou, mar fûn gjin wurk yn har fakgebiet. Frysk lêze en skriuwe docht se al sûnt de legere skoalle, mar sels publisearje docht se net faak. Wol is se yn 2016 by Regaad debutearre as oersetter mei de Grutte Freonlike Reus, dy’t yn 2018 opnommen waard op de IBBY-honour list. Sûnt hat se al ferskate boeken oerset foar bern en folwoeksenen.

Martsje is ek aktyf as ferhaleferteller, ûnder mear by it Völuspá-projekt fan skriuwer Willem Schoorstra. Sûnt 2019 publisearret se poëzy. As dichter debutearre se op de webside fan RIXT mei it gedicht ‘Yn ’e tún fan Jan Ritskes’.


Ynstjoerde gedichten
Yn ’e tún fan Jan Ritskes (4 juny 2019)
Antwurd (17 jannewaris 2020)
Firusfrij (18 maart 2020)
Wat net sein is (3 july 2020)
Astrid (augustus 2020)
Bryk (3 desimber 2021)
Fannacht haw ik dy sjongen heard (26 jannewaris 2022)

Yn ’e tún fan Jan Ritskes

In tientsje foar prosecco en in stoel
tusken beammen mei fûgels
drage dichters foar
mankelyk ek
as de safolste auto
harren lûd ferseaget
Stilte
wie der dochs al net
keapjûn yn Bûtenpost, ommers
en yn pingo’s
knoarren kikkerts
Ek dichters dizze jûn
In stiltetrein stoppet
foar de draaimûne
yn Aarhus
sykje ljippen hâld
fan my yn mislearre leafdeslieten
en yn dielde enerzjy
yeeaah
yn dielde enerzjy
Lâns in ljochtslang
knoffelje ik my in paad nei
in skaftkeet mei de kaai deryn
piel efter de frouljusdoar
mei myn ritske
gean der noflik by sitten
Lit de natuer syn loop
by it lûd fan in aggregaat
falt myn each
op in stikker op ’e doar
Ferbean te skiten
Thús helje ik de fersen
troch elkoar en
de kaai fan de skaftkeet
beskamme út myn bûse.

© Martsje de Jong