Bartle Laverman

Bartle Laverman (Ljouwert 1948 – Offenwier 2020) publisearre syn earste bondel gedichten It Freeslik Feest yn 1969. Bij alle gedichten stiene tekeningen fan Anne de Vries. Yn 2016 ferskynde syn tretjinde bondel In echte Fries, no mei ôfbyldingen fan in tal eigen skilderijen.

Oer dy lêste bondel skreau Eppie Dam yn de LC fan 30/12/2016:
‘Bartle is hielendal gjin echte Fries, mar In echte Fries wol hielendal Bartle. Op syn eigen (ús allang bekende) wize lit Laverman sjen dat er stiet foar de dingen dêr’t er ôfstân fan nimt. In yngewikkeld ferhaal, mar noait bij de dichter dy’t him mei humor altyd rêdt.’

Bartle Laverman ferstoar op 8 maaie 2020. Hy waard twaënsantich jier âld. De eardere Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga skreau inkele dagen nei Laverman syn ferstjerren in artikel oer de betsjutting fan syn wurk. Dat kinne jo hjir lêze.

Piter Boersma publisearre in In Memoriam oer Bartle Laverman op de webside fan it Frysk literêr Ensafh. Dat fine jo hjir.

Dichtbondels
1969 – It Freeslik Feest
1975 – Skimerlânskippen
1977 – Winter
1979 – Neitins
1979 – Kloentsjetee
1981 – Ik laitsje my dea
1984 – Master ûnder protters
1996 – Boerefersen
1999 – Kophimmelje
2004 – Alles komt wer goed
2007 – Man op solder
2012 – Foar elke man in eigen pake
2016 – In echte Fries

Ynstjoerde gedichten
De koppen fan Ljouwert (1 maaie 2018)
It folk fan Rixt (31 maaie 2018)
QED  (septimber 2018)
It geheim fan Fryslân (18 jannewaris 2019)

 

IT FOLK FAN RIXT

Wij soene krekt
oan it sop
Seamus, Joseph en ik
doe’t Peter van Lier
yn ‘e doar stie mei
der stiet in bus fol
Folk fan Rixt
fan Folkertsma Tours
foar de Trochreed
ûnderweis nei it Lân fan Taal
en no fansels it paad bjuster

Taal is goddomme hiemleas
sei Joseph suver grimmitich
se moatte mar yn harren fersen wenje
of oare tiny houses
de heechste tiid
om de Hauk los te litten
o ja, de Hauk bearde ik
ik wenne ea oan de Houkesleat!
mar dat wie foar myn disgenoaten
te onnoazel
om te begripen

Benijd nei wat
Heiddegger
hjir fan sizze soe
gnyske Peter like oerstallich

Doe’t de bus
efterstefoaren
de tiid wer yn ried
hearden wij yn de bjirm
in kabouter skellen:
Rop. Rop. Rop.