Tryntsje van der Veer

Tryntsje van der Veer (1960) wennet en wurket nei in skoft om utens wer mei nocht yn Fryslân. Tichteby wetter en greiden is sy yn har elemint. Skriuwe en sjonge hâldt har libben. Sy dichtet, skriuwt koarte ferhalen en somtiden in langer wurk. Net alles is mei wurden te sizzen. Ek bylden ha har yn ’e besnijing, it lûd en foaral de krêft fan de stilte.  Sy hat inkelde publikaasjes op har namme stean (www.binnentun.nl). Bestjoerlik set sy har yn om ús memmetaal te boargjen (www.skriuwersboun.nl; www.eblt.nl). Ferbining ûnderfynt sy ek op oare wizen (www.nijkleaster.nl).

Ynstjoerde gedichten:
Lânskip (31 maaie 2018)
Heale moanne (23 oktober 2019)
Utstel op útstel (31 oktober 2019)
Fjoerstiennen (9 jannewaris 2020)
De ein (27 septimber 2021)
Klyster (3 maart 2022)
Ynslach/Inslag (9 maart 2022)
L’Univers du voyeur (4 april 2022)

 

LÂNSKIP

myn hert hat de slach wûn
ik koe oars net as dyn ritme folgje
dêr’t weagen oer bloedbefjochten
ekers rinne dy't iuwen wuolje
yn wetterlân net dat sy it sêd sochten
mar yn djipten ha sy har oerjûn

© 2016 Tryntsje van der Veer