Tialda Hoogeveen

Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is skriuwer, dichter en sjoernalist en skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk, foar bern en foar folwoeksenen. In gedicht begjint by har mei in byld of gefoel, dêrnei komt it puzeljen mei wurden.

Sy hat inkele losse gedichten publisearre yn bondels. Sa is yn 2011 nei oanlieding fan de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd ‘Was de was’ opnaam yn Dansen op de maat van het ogenblik. Foar de bondel Er zit een feest in mij! Querido’s Poeziëspektakel 5 levere sy it gedicht ‘En/of God bestaat’.

De lêste jierren skriuwt sy ek yn it Frysk. Yn 2021 ferskynde it Lês No-boek Wurden fan Timo, dat yn 2023 ek yn it Nederlânsk útkaam. Yn 2022 waard it boek Abe en de Aardichman by de Afûk útbrocht, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Yn 2023 en 2024 is Tialda Berneboeke-ambassadeur en set se har yn foar lêsbefoardering yn it Frysk mei as motto: ‘Der is in berneboek foar elkenien’. Want berneboeken binne der net allinnich foar bern. Der binne sa folle moaie Fryske berneboeken dat elke lêzer der wat moais tusken fine kin.

Links nei inkele gedichten binne hjir te finen:
Yn ’ e fierte
En/of God bestaat
Oer Rosa (mar mear oer Hinke)


Ynstjoerde gedichten

Winsken twirje (4 maaie 2021)

sa lang al bang

ik bin der wis fan
wier, der sit in man

in lyk, hy past
krekt yn myn kast

efter de doar
stiet noch in oar

it âld skelet
raast en kreaket

eagen wiid iepen
doar net te sliepen

krij ik se hjir wei
is it al hast dei

nacht al sa lang
sa lang al bang

© Tialda Hoogeveen