Henk Nijp

Henk Nijp (1954) is hikke en tein yn Ljouwert. Nei de Pedagogyske Akademy en de militêre tsjinst koe er by de twatalige basisskoalle yn Mantgum oan ’e slach. Frysk leare waard doe urgint, hy is wat dat oangiet dêr aardich troch de moster fitere. De Frysk taal yn ’e macht krije slagge gelokkich goed.

Hy is al in moai skoft mei taal en poëzij dwaande. Yn 2016 wie Henk ien fan de Rely Jorritsmapriiswinners, en yn 2019 wûn er mei it fers ‘Wy kinne’ op ’e nij in Rely. Ek ferskynden ferskate publikaasjes op de webside fan Ensafh en yn de papieren Ensafh ferzje waarden inkelde gedichten publisearre. Yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd ferskynden gedichten, en ek op  Fers2.

Henk Nijp hat sa’n tsien jier *Stjerkes (kursyfkes fan sa’n 110 wurden) foar de Ljouwerter Krante skreaun. Sûnt begjin 2018 hat er elke moanne ynternet-kollum op de webside fan Ensafh. Fierders hat er gedichten (mei eigen yllustraasjes) publisearre yn de sammelbondels Ver Heen en Vrij Uit, beide ferskynd yn 2017 by De Poëzieboom.

Yn 2020 is er ôfstudearre oan de Keunstakademy Fryslân (Kafrl).
Hy is noch hieltyd dwaande mei in debútbondel, mar dat keallet blykber nochal swier…

Ynstjoerde gedichten:
Wer bern (21 maaie 2018)
Mei it muzyk mei (6 juny 2018)
De wachter (22 juny 2018)
Royale Lúkse (17 augustus 2018)
Goederjousk (11 desimber 2018)
It makket net út (30 desimber 2018)
Easterwierrum (10 maart 2019)
Hjerst yn Jirmsum (15 oktober 2019)
Loftspegeling (8 jannewaris 2020)
Nylân (27 july 2022)

WER BERN

Sân wurdt aanst wer waarm
stoot dan op 'e nij
sil ús de skonken skjirje

wy laitsje werom nei weagen
wiuwe mei helmgers mei
turvje wynfearren boppe ús holle,
bin de tel al gau wer kwyt
- see ferdrinkt ús stekjes

dan bêdzje ik foar dy de brâning del,
mar wetter jout om sizzen neat
baas bin ik net of raas te hurd
do seist: lit mar gewurde ...

wy kuierje de dunerige del
oer hurde ebberibbels hinne
werom troch fonken floed
de moaiste skulpen meie mei
tsjin gatten yn ‘t ûnthâld

earst nei pikefel en
nije eb jouwe wy ús ôf

oan de râne fan it strân
wiet-ferwurden sânkastielen