Griet Westra

Griet Westra (Ljouwert, 1953) wennet yn Burgum en se skriuwt al jierren trijetalige sms-gedichten, ferskes fan krekt 160 tekens (ynklusyf spaasjes). Dat docht se yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk en faak mei in foto derby, dy’t dan de boarne fan ynspiraasje is. Se skriuwt ek trijetalige haikûs. Se stie as dichter wolris yn teater De Bres by Melvin van Eldik. Se publisearre yn de NRC-next en yn it e-magazine Pretparkpoëzie van Ted van Lieshout. Se wie dosint Nederlânsk oan it CSG-Comenius yn Ljouwert, dêr’t se kollega’s en learlingen (13-18 jier) waarm makke foar it skriuwen fan poëzij.

Ynstjoerde gedichten
Be Sobats
Beauty
Released (maaie 2020)
Fielst dy sûnder siel (8 april 2022)

BE SOBATS*

wrakseljend mei de ferlerne oarloch
yn syn holle fjochtet de feteraan troch
de dessa it lead moat de bealch út
de helske tiid fan doe belibbet hy
alle dagen wer

wrestling with a lost war
in his head the veteran fights on
across the dessa heavy metal must
flee from his disabled body
traumas back then are alive each day

worstelend met de verloren oorlog
in z'n hoofd vecht de veteraan door
de dessa ’t lood moet uit z'n lijf en leden
z'n trauma van toen beleeft hij in elk heden

© Griet Westra
* kameraden (Yndonesysk)