Christa Niklewicz (1974, Jistrum) skriuwt út har wenplak Ryptsjerk wei mei optimistyske ûndertoan oer de tsjinstridichheden dy’t yn har liif, holle en siel foarbykomme. Yn har gedichten, muzyk en teksten (NL / FRL / ENG) beneamt se dat faak metafoarysk, soms platslein ienfâldich en altyd ynspirearre troch de essinsje (neffens har); enerzjy, libbensrin, de natoer, generaasjes en de altyd oanwêzige beweging fan elemintêre dieltsjes – kwantumfysika. Yn har teksten wit se dat aardich te ferstopjen, mar wa’t siket sil fine.
Foardrachten fan Christa binne ferrassend. Ofhinklik fan de ‘vibe’ fan it momint jout se in draai oan wat der is; sjongt se in pear sinnen of belûkt it publyk yn de foardracht.
Ynstjoerde gedichten
Sipelskilen (novimber 2019)
YN 'E FIK As flammen dûnsjend Stie ik mei dy yn ’e fik Myn hert folslein Ritmysk oertsjûge Ik kaam dy temjitte yn ús wrâld Ik wie sa mâl mei dy Ferwyldere fan mysels Dochs yn ’e rin fan ’e tiid Fersmoard en ferstille © Christa Niklewicz