Carla van der Zwaag

Carla van der Zwaag (1951) út Peins is hikke en tein op It Hearrenfean. Tegearre mei har twalingsus ûntduts se dêr op trettjinjierrige leeftyd yn ’e boekhannel in dichtbondel fan Hanny Michaelis. Rillegau makke se har eigen gedichten dêr’t in oantal fan yn de skoalkrante fan de Kweekskoalle yn Snits pleatst waarden. Nei har trouwen, trije bern en 25 jier foar de klasse wie der wer tiid foar dichtsjen en tekenjen. Trije jier Fryske skriuwles, in dichtkursus fan Abe de Vries en in Masterclass fan Arjan Hut sette har oan om yn it Frysk te dichtsjen. De lêste tiid makket Carla ek tekeningen dy’t by har gedichten passe.

15 oktober 2022 hat se har debútbondel “Mika-eagen” presentearre.

Ynstjoerde gedichten
Skoklân (13 oktober 2019)
Seane pyk (7 jannewaris 2020)
Iensum (maart 2020)
Covid-19 (maart 2020)
Prrrrrtuuuu (maart 2020)
Duel of duet (oktober 2020)
Swier (4 febrewaris 2021)
Koaide stiennen (27 septimber 2021)
Foarmen (9 febrewaris 2022)
Hûs (15 april 2022)


FAN 'E MICH EN D' OALJEFANT

In fûle brân lôget yn ’t foltere hert,
mei sprantels as wjerljocht
troch alle ieren fan myn grutte liif,
ferlammet skriemend earms en skonken.
Sinnen eksplodearje alderheislikst.
Tonger gjalpt lûdleas út myn holle eagen
de triennen skroeie it glazuer
fan bluod’rige tosken
en sjitte bloedkoralen de rouwe wrâld yn.
Yn it neakene ljocht
fan ûnbidich flokkende flammen
falle klean as jiske op in fertoarre flier.
Fel ronfelet  ta ferkoald plissee.
Faaks dûnset de mûs de Polka op hjitte koalen
Om’t er op de sinne wennet
ynstee fan op ’e moanne.
Ferhûddûke troch slachrein
set de wyn de krimp yn.
Ferdronken yn in reindrip dwêst ik.

© Carla van der Zwaag
31 jannewaris 2019