Ineke van der Heide

‘Bern genietsje litte fan gedichtsjes yn it Frysk, hoe moai is dat?’ Sa begûn ik op freed 8 febrewaris 2019 op de Grutte Gedichtejûn fan Ensafh yn kafee Marktzicht te Drachten. Ik droech foar út Broek mei bûsen. It is myn twadde boek foar bern. Yn myn wurk by it spesjaal ûnderwiis moast altyd alles makliker makke wurde. Troch rym te brûken en troch werheljende rigels te skriuwen, ûntstienen moaie, maklike teksten. Ik ha se yn de Nederlânsktalige bondel Ik lees en dat is leuk sammele. It is in boek foar bern dy’t begjinne mei it lêzen, en foaral foar bern dy’t muoite ha om it lêzen ûnder de knibbel te krijen.

Op in skriuwkursus wie Piter Boersma lesjouwer. Ik joech myn boek oan him, dêr’t hy op frege: ‘Kinst dat ek yn it Frysk?’ Frysk ha ik fan myn âlders meikrigen. Myn bertekaartsje is mei Fryske tekst. Ik krige Fryske leafdesbrieven fan wa’t no myn man is, en ik skreau him ek yn it Frysk werom. Mear ûnderfining yn it Frysk skriuwen krige ik yn de njoggentjin jier dat ik yn de redaksje fan Breedút siet, de doarpskrante fan Eastermar. Ynterviews mei Frysktalige ynwenners kamen der yn it Frysk yn.

It folgjende gedicht komt út Broek mei bûsen. It is bedoeld om foar de nacht jins bern of beppe- of pakesizzer te bestopjen en foar te lêzen.

Ynstjoerd
Leave poëzy (11 maart 2022)


KNUFFEL

 Lekker koese mei myn knuffels.
Mei de knyn en mei de ko,
mei de hûn en mei de do,
mei de aap en mei de bear,
mei it skiep en mei noch mear,
mei de mûs en mei de mol,
leit myn hiele bêd grôtfol.
Safolle knuffels by myn holle,
dat is fierste folle.
Ik pak myn alderleafste knuffelbear
mei de oaren koes ik in oare kear.

© Ineke van der Heide