hy waard berne yn desimber 1945,
dat betsjut dat er twa moanne foar de befrijding
oanset is
yn maaie 1945 wienen syn âlden
en de oare famylje ekstra bliid –
it lân wie befrijd en syn mem yn ferwachting
se krigen in krystberntsje
Jozef Theodorus hie in dreamstart,
mar ergens yn syn libben briek de oarloch út,
hy ferlear syn âlden en syn broer
en oare dierberen liken net te finen
minskeskou en wers fan rigeltsjes
gong er syn iensume wei troch it libben
en geandewei rekke er likernôch alles kwyt
de lêste jierren wenne er yn in tintsje
yn it Griene Stjergebied by Ljouwert,
alles wat er noch hie, paste yn in rêchtas
op in kâlde moarn yn febrewaris
waard er fûn yn in sleat,
Jos lei op de búk, allinne de rêchtas
stiek boppe it wetter út
mei syn dea kaam de befrijding
© Sipke de Schiffart