Michel de Vreeze

Biografy en foto folgje noch

Ynstjoerde gedichten:
Sjitgebed foar in rôffûgel (27 oktober 2017)

 

SJITGEBED FOAR IN RÔFFUGEL

Op ‘e waarme streamen fan sa’n middei 
oer toermalyn griene tapiten
op syk nei knyn of lytse fûgel
de hauk de mûzebiter

Boppe fan fuorgen trochskraste fjilden
sjogge wy se plechtich bidden
ear’t se ûnmeilydsum fertikaal
op in ferlern bist dûke

Foar’tst it lêste gebed kriezje koest
wurdst al út it himelsk blau knald
sûnder aan troffen troch in
luchtbuks ladende leffert

Tûzenen rôffûgels glydzje no
oer de ivige jachtfjilden
en wachtsje geduldich oant se
de rotten snaaie kinne