Marije de Lange

Marije de Lange is trots op haar Maître de Sciences (MSc.) psychologie en beschaart haar kinderwens met een succesvolle carrière als moeder. Inmiddels heeft ze als de facto kunstknutselaar haar vacht van therapeut vervangen door exposities, literair leerwerk en poëtische pleidooien die zelfs de Grote der Aarde tot penisnijd maant. Met perspicaciteit ontvlamt ze heilige huisjes en andere villaïstische vignetten. Onder auspiciën van de zittende macht verbindt ze een verslavingsgevoelig prijskaartje aan haar poëzie. Bij acclamatie speelt Marije iedereen naar de moeder, inclusief haar man Erik van Halderen.

Fegebaart

Och jonge, krekt asto tinkst,
dat ik sa’n gewoan buorfamke bin
bin ik wer folslein
oars.
Want de seizoenen dy feroarje fluch.
En ik
bin net nochris
yn ’e winkel
of de flesse is al leech.

Frommes: ik drink dyn wyn op.
En ik pik dyn mannen yn.

Leave: It is prachtich watsto dochst,
mar it docht my
neat.
Ik bin in wurch en ferfangber sekreet.
Dus lit my no mar
yn dy steat.

Ik bin in fekke, fegebaart
In leafhawwer
In sûnder

In skynhillige.
Ik oefenje mysels alle dagen yn loazens.
Bin gemaksuchtich
en ik hâld derfan.

‘Gûl no net oer fergriemde molke.’
Better nimst my
sa’t ik bin.

Ik bin dyn hel.
Dyn dream.
Ik bin neat der tuskenyn.
En do witst,
do wolst neat oars
as dit.

Ik bin in pleachgeast,
in goadinne op myn knibbels,
már asto lijst,
bin ik
dyn ferskûle ingel.

Ik wie siik, mar bin wer better.
En freezje net: ik bliuw itselde flipperjende wicht.

Ik bliuw dy achterfolgjen
en do silst smeekje dat ik dy noait ferlit.
Want dyn libben soe sa
deadrûch
wêze.

Sûnder my.

 

© Marije de Lange