Marten Visser. Snits 26-10-1959. Muzikant, trombonist yn ferskate jazzformaasjes. Hat trije dichtbondels útjûn mei wurk yn it Frysk, Snitsers en Nederlânsk. Lit him ynspirearje troch syn muzikale aventoeren en spirituele ûnderfinings. Surrealistische bylden binne in skaaimerk fan syn poëzy.
Ynstjoerde gedichten:
Frjemdling ( 6 juny 2018)
FRJEMDLING Dêr‘t de ierde de blauwe himel rekket de ljurken transformearje yn flearmûzen, dêr wenne hy. In hommelse wynpûst liet de kearsen flikkerje petearen ferstomje, dêr stie hy yn fol ornaat mei syn fioele. In ealman ferklaaid as omstruner. Ut hokker lân of tiid bleau in riedsel, hy sei gjin wurd. Hy rekke ús hert, dêr’t de ierde omearme waard troch de blauwe loft.