Kate Schlingemann

Kate Schlingemann is dichter, berneboekemakker en tekener. Yn 2000 ferskynden har earste printeboeken (Luister, 2000-2005). Dêrnei skreau se in bisteferhalebondel, Spindingen. Yn opdracht skreau en tekene se de ferhalerige Pietje en Rozijntje. Jongereingedichten waarden earst publisearre yn Querido’s Poëziespektakel 4 en 5, folge troch de bondel Wondermiddel (Xanten, 2016), dêr’t se mei debutearre as dichter. In protte gedichten fan har binne opnaam yn ferskate blomlêzings en literêre tydskriften, yn it Nederlânsk likegoed as yn it Frysk (It leafst bin ik in fûgel, Afûk, 2018). Fan begjin 2016 ôf is Kate as dichter en redaksjelid belutsen by poëzytydskrift DICHTER. fan Plint. Sûnt koart sit se ek yn de redaksje fan RIXT (rixt.frl). Weromkommende tema’s yn har wurk binne: ‘thús, wêr/wannear bist thús’ en ‘ferfrjemding/ferwûndering’, mei taal as fearboatsje tusken de wâl en de stip op de hoarizon.

Ûnderskiedings:
– Twadde priis foar it gedicht ‘Bemoeizorg’ yn de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd 2012.
– Twadde priis foar it gedicht ‘Weet ik veel’ út Wondermiddel yn de Flaamske Jotie T’hooft Poëzieprijs.
– Foar ‘het begin van de regenworm’ krige se in 10 fan sjuerylid Ellen Deckwitz by de Willem Wilmink Gedichtenwedstrijd yn 2016, en de twadde priis.

Ynstjoerde gedichten
Mensen (april 2020)
Wie vertelt de boer (july 2020)
De redenen (july 2020)


het begin van de regenworm

wat moeten we toch
met al die vogels
behalve de kunst afkijken
van stilhangen in de lucht

met al die vogels
een patatje grissen
stilhangen in de lucht
boven tafels op een terras

een patatje grissen
lekker lekkerbekjes pikken
boven tafels op een terras
of wormen trekken uit het gras

lekker lekkerbekjes pikken
vaak in volle vijvers
wormen vissen uit het gras
hoe we ook in hokjes passen

vaak in volle vijvers
evenwicht op takken houden
hoe we ook in hokjes passen
waar de regenworm begint

evenwicht op takken houden
dat we van alle vogels leren
waar de regenworm begint
maar dit nooit zeker zullen weten

dat we van alle vogels leren
behalve de kunst afkijken
maar dit nooit zeker zullen weten
wat moeten we toch


it begjin fan ’e reinwjirms

wat moatte wy dochs
mei al dy fûgels
útsein de keunst ôfsjen
fan stilhingje yn ’e loft

mei al dy fûgels
in patasje snaaie
stilhingje yn ’e loft
boppe tafels op in terras

in patatsje snaaie
lekker lekkerbekjes pikke
boppe tafels op in terras
of wjirms lûke út it gers

lekker lekkerbekjes pikke
faak yn folle fivers
wjirms fiskje út it gers
hoe’t wy ek yn hokjes passe

faak yn folle fivers
lykwicht op tûken hâlde
hoe’t wy ek yn hokjes passe
dêr’t de reinwjirm begjint

lykwicht op tûken hâlde
dat wy fan alle fûgels leare
dêr’t de reinwjirm begjint
mar dêr nea wis fan wêze sille

dat wy fan alle fûgels leare
útsein de keunst ôfsjen
mar dêr nea wis fan wêze sille
wat moatte wy dochs

© Kate Schlingemann
Oersetting: Geart Tigchelaar