Ilse Vos

Ilse Vos (1993) groeide op yn Burgum en skriuwt en dichtet al fan jongs ôf. Se hat studearre yn Grins oan de keunstakademy. Dêr waard se bleatsteld oan nije tinkwizen en learde se har abstrakte geast kennen. Dy abstrakte wize fan tinken hat ynfloed op har keunst en har skriuwen.

‘Op abstrakte wize ekspresje jaan oan myn gedachten fyn ik noch altyd it ynteressantst. Sels metafoaren betinke fyn ik it moaist, leafst sa frjemd mooglik. Om dan wer in brêge te finen dy’t ta helderheid liede kin, is de útdaging. Leafst net te helder, want ik wol fragen oproppe.’

Yn Ilse har gedichten wurdt leaver te min as te folle sein, sadat de lêzer der sels ynfolling oan jaan kin.

‘Ik skreau altyd foaral  yn it Nederlânsk en it Ingelsk, mar sûnt in jier ek wer yn it Frysk. Ik realisearre my dat it Frysk my in soad te bieden hat, ek omdat ik dy taal faak frij poëtysk fyn.’

Optreden yn Noardewyn Live
(febrewaris 2020)
Oeral sjipsop op (15 juny 2023)
Fraachpetear (28 juny 2023)
Voelen = (2 july 2023)

stilte

hast wol ris harke
nei wat de stilte
te fertellen hat?

sûnder oardiel
geduldich wachtsje

op neat?

hast dyn geast wol ris op ’e doele brocht
yn ’e leechte

dy’t it libben befettet
en ús allegear yn stilte achterlit?

mar hoe kin de stilte leech wêze
as er wurden fan elkoar skieden hâlde kin?
en hoe kin de leechte stil wêze
as er my safolle te sizzen hat?
en hoe kin it neat
einleas fiele
as neat net iens bestiet?

harkje
nei de stilte

want foar de stilte
binne wy
stil

© Ilse Vos