De ljurk

13 septimber 2017
It earste gedicht dat foar DichterS fan Fryslân skreaun waard, kaam fan Aggie van der Meer. It giet oer de ljurk (leeuwerik), of eins it ferdwinen fan it lûd fan de ljurk út de Fryske fjilden en loften.

DE LJURK

Hokker bern ferlet hat fan in ljurk?
hoe soe er
mist er it sjongen
it bidden oant de himelsdoar?
hy hie de wurden net
hy soe it witte
as de ljurk werom kaam
dan soe er witte wat er mist hie
in oar gelok
no moat er tefreden wêze
mei de lange slingers guozzen
dy’t de loften fersiere
ek moai
mearkes skriuwe
ek gelok
oant de jager komt
nee, net dy fan de wolf
dy mei it gewear
se ite ús gers
as it gers der net wie?
soe er it suchtsjen hearre
it einleas suchtsjen fan de grûn
dat leaude er net.

© Aggie van der Meer