Wer bern

Dit fers waard skreaun yn in kâlde febrewarisrite en giet no de ‘wrâld’ yn om’t de simmer op kommende wei is, sa no en dan al oeribel syn bêst docht en aanst ek samar wer oer wêze sil.

WER BERN

Sân wurdt aanst wer waarm
stoot dan op 'e nij
sil ús de skonken skjirje

wy laitsje werom nei weagen
wiuwe mei helmgers mei
turvje wynfearren boppe ús holle,
bin de tel al gau wer kwyt
- see ferdrinkt ús stekjes

dan bêdzje ik foar dy de brâning del,
mar wetter jout om sizzen neat
baas bin ik net of raas te hurd
do seist: lit mar gewurde ...

wy kuierje de dunerige del
oer hurde ebberibbels hinne
werom troch fonken floed
de moaiste skulpen meie mei
tsjin gatten yn ‘t ûnthâld

earst nei pikefel en
nije eb jouwe wy ús ôf

oan de râne fan it strân
wiet-ferwurden sânkastielen

© Henk Nijp

Lit dy net ôfskrikke jonge

Geart Tigchelaar is sels in toerfytser yn ieren en sinen en is dêrom nuvere kjel wurden fan de brute moard op twa fytsers yn Meksiko. Op syn tochten hat er just allinnich mar ûnderfûn dat der noch in hiel soad gollens en goeds yn ‘e minsken sit. Hy ferdomt it dêrom ek om dat betrouwen – of naïvens? – te ferliezen, mar feit is wol dat men altiten wach wêze moat, blykber.

 

LIT DY NET OFSKRIKKE JONGE

mear frijheid silst noait krije jonge
as it ritme fan de trapers
fan dyn healbizen trekkingfyts

de lânskippen binne wreder
as de antlitten fan bewenners

helje dy yn mei bôle en bier
laapje dy en krigest in tút
mei in pûdfol apels derop ta

kilometers swit en asfalt
wurdst mar noait ynhelle
troch in wâd of flokwurd

lit dy net ôfskrikke troch spûkferhaal
searjemoardner yn Sweedsk bosk
fan al mear as tsien jier lyn
rin net fuort foar elanden
tsjek dy wol alle jûnen op tiken
benammen by de sek
dêr is it ommers lekker waarm
seit de faam dat ek net

lit dy net ôfskrikke jonge

sjoch wol efterom
skôgje de loft
skûlje foar it swurk

skerpe knyften binne der genôch
mar net safolle as in glimlaits

© Geart Tigchelaar

Echte helden

8 maaie 2018
Syds Wiersma is ús dichter fan de moanne maaie 2018. Yn syn earste moannegedicht sjocht er werom op 4/5 maaie. Oanlieding foar syn gedicht is it yndrukwekkende ferhaal fan Gerard van der Veer sneon 5 maaie yn de Blokhúspoarte. Dy fertelde oer syn mem, dy’t yn de oarloch koerierster wie. Mar se woe neat fan in heldenstatus witte. Se sei in kear: ‘Ik hie it net gau wer sa dien, fierste gefaarlik.’ En: ‘Echte helden binne seldsum moatst witte.’ Gerard fertelde sneon ek it ferhaal fan fersetsman Jan Evenhuis (1896-1944), dy’t yn syn eagen in echte fersetsheld wie. Syds brûkte de útspraak fan Gerard syn mem as kaairigel yn it folgjende gedicht.


Jan Evenhuis

ECHTE HELDEN

De sinne sakket happich oer Froubuorren
wylst ik de ôfslach Alde Leie nim.
De jûn fan fjouwer maaie, wer dy stim
dy't seit: ik ha se stean sjoen tsjin de muorren

en wist net wa't ik wie, de bange fint
foar 't fjoerpeloton of dy oare skiter
dy't as syn baas blaft as de soademiter
mei 't plennen fan in razzia begjint.

Fan ûnrjocht siedt it bloed, mar wat soe 'k dwaan
as boalsfeinten my op 'e bealch sitte?
Echte helden binne seldsum moatst witte,
witst noait wa't swije sille en wa't slaan.

De sinne leit bedobbe yn it Bilt,
âld diken fykje troch it frije fjild.

© Syds Wiersma