Harns en syn waadsee

94 % fan de wrâldsiedden is útstoarn is en kin net weromkomme. Kinst it libben en de mins werombringe nei de kearn, in siedsje. In siedsje hat goede boaiem nedich om te groeien; wetter, leafde en sinneljocht. In soad siedden lizze yn it skaad, ferskrale dêr. It is oan ús om te soargen foar fruchtbere boaiem en mei soarch en leafde de omstannichheden better te meitsjen.
Ik wenje yn Harns en op de Offalûne nei is it in moaie dynamyske stêd dêr’t in protte muzyk yn sit. Dêrom dit fers, dat ek in liet is.

Harns en syn waadsee

do ljochte fisk glimkest op tusken de iezing
streamst as muzyk, sûch dy op as in spoen

dyn echokeamer – it lûd komt werom

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd
blau lei ik by de fjoertoer ferankere, hearde dyn namme
skolperjend ûnder ’t kessen, rinkeltoan yn ’t liif
sturt yn ’e tiis – wyld krite kobben foarby

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd

fan no ôf leit de moarn op ’e dyk te dampen
draaf ik by mêsten lâns, oer klinkers ta kaai
trossen los, de skitteringen ûnder seelok
dyn echokeamer – it lûd komt werom

do dûnser bûnzest yn it hert fan myn havenstêd

© Jetze de Vries

Hylper Badpaviljoen

17 juny 2018
Tongersdeitejûn hekele Hûs en Hiem it sûnder fergunning útfierde skilder- en timmerwurk oan it âlde Badpaviljoen by Hylpen. It wie it safolste haadstik yn de soap om it paviljoen hinne. Mar it gebou bliuwt ta de ferbylding sprekken. Ek mei in lik ferve en in grutte stek deromhinne.

Hylper Badpaviljoen

By earste oanblik tinkst, dit is in datsja
dêr’t ’n rike Rus ús Halbe wodka’s skinkt
wylst Nuonmantsjes gleon de winst ferpartsje
dy’t de enerzjytransysje Fryslân bringt.

Njet! ’t Wie it earste bouwurk fan beton
in lokjend dyksicht op it belle époque
mei yn badpak foar ’t gnuvend pavillon
de jûkjende weach fan ’t boerekontelok.

Kommisje Hûs en Hiem is dermei oan.
Slytsk wellness erfguod fan de Sudersee
wurdt yllegaal ferspikere en bedoarn.

De eigner fan ’t ferrinnewearre stee
hat skjin syn nocht fan trage estetyk.
Wat bikt en stúkt er dêr foar stúmsk ûntwyk?

© Syds Wiersma

de kwetsberen

Dit earste moannegedicht ‘de kwetsberen’ fan ús junydichter Jetze de Vries is makke as reaksje op it megalomane Wynmolenpark Nij Hiddum-Hou. Njoggen mûnen fan 210 meter heech. Dat is twa kear de hichte fan de Achmeatoer en dat njoggen kear. Bewenners fan it gebiet sille kabouters wurde yn har eigen wrâld.

Artikel 1
Alle mensen worden vrij en gelijk in waardigheid en rechten geboren. Zij zijn begiftigd met verstand en geweten, en behoren zich jegens elkander in een geest van broederschap te gedragen.

de kwetsberen

de rolferdieling
foar it toaniel
ús mienskip
LF 2018

de húsmosken
greidefûgels
pauwen
rôffûgels
toarteldowen
en de koekút

guon lju bin alle fûgels
yn ien

mar wa kriget de haadrol?
de byrollen?
wa binne de figuranten?

de maleurfûgels
fleane tsjin de molen
fan de lucky birds

Gandhi sei al
Je kinne it peil
fan in beskaving
ôfmjitte oan hoe’t se mei
de kwetsberen omgean

© Jetze de Vries

Frjemdling

7 juny 2018
De Snitser dichter en muzikant/trombonist Marten Visser hat him dizze wike oansletten by RIXT. Hy stjoerde it folgjende gedicht yn, dat er skreau nei oanlieding fan it ferstjerren fan Tiede Lanting, de eardere gitarist fan de Fryske band Reboelje. ‘In gedicht by it ferlies fan in muzikant dy’t mei passy en leafde de minsken rekke, en no yn ús hert fierder gean sil. It sil nea stil wurde’ (Marten Visser)

Reboelje, mei Tiede Lanting uterst links


FRJEMDLING

Dêr‘t de ierde
de blauwe himel rekket
de ljurken
transformearje yn flearmûzen,
dêr wenne hy.

In hommelse wynpûst
liet de kearsen flikkerje
petearen ferstomje,
dêr stie hy yn fol ornaat
mei syn fioele.

In ealman ferklaaid
as omstruner.

Ut hokker lân of tiid
bleau in riedsel,
hy sei gjin wurd.

Hy rekke ús hert,
dêr’t de ierde omearme
waard troch de blauwe loft.

© Marten Visser

mei it muzyk mei

Henk Nijp is ien fan de fiif dichters dy’t belutsen binne by Kariljon en Poëzy, dat op freed 8 juny 2018 plakfine sil. Nijp wurket gear mei de komponist Feike van der Zee. Hjir de link nei it evenemint Kariljon en Poëzy.

mei it muzyk mei

as melodyen langer net te binnensjitte
eagen almar taaste yn it tsjuster
tinnitus de trommelfluezen teistert
wolsto dan myn tamboer-mêtre wêze
dan rinne wy mei hege knibbels op ‘e pas
oer de binnenpaden fan Metusalim

nim my by de fearten del
dêr’t wy fisken, swommen
sinne sûnder erch ús rêgen skroeide
dêr’t wy einenêsten rôven yn’e reiden
wiete sokken tsjin ‘e hikke kletsten
skrokken fan stampfee yn ‘e greide

fan swierwaar op neare jûnen
it knetterjende koper fan de flits
dêrnei donkere dreunen fan ‘e trom
safolle tellen eangst, stadich tichter by
oaremoarns ferwaaide nêsten yn ‘e wâl
lichte toan fan slakkespoaren op ’t beton

stap do wer as in stoaterske hoanne
jou kordaat de mjitte oan
smyt de stêf nochris heechop
sadat er skitteret yn ‘e sinne
tikje ik de tingels op ‘e triangel
as soene wy de taptoe rinne

© Henk Nijp

 

Gysbert X

It dichtersduo Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer hat in Stellingwerfs fers skreaun by in nij stik fan komponist Pieter Bakker. Komposysje mei gedicht sille kommende freedtejûn op it Hofplein yn Ljouwert útfierd wurde, as ûnderdiel fan it evenemint Kariljon en Poëzy. Pieter Bakker syn stik is ynspirearre op it Moarnliet fan de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). It Moarnliet brocht it duo Hettema/Bouwer by it folgjende gedicht oer Gysbert X, dy’t neffens it duo ‘noch altyd yn de Fryske literatuer omdoarmet en net wit wêr’t er no eins thús heart.’ Hjir de link nei it evenemint Kariljon en Poëzy.

Gysbert X

het gien tied
om een kompesisie
van zien warkelikhied
op riespepier te zetten

zien kepotte hatte
slaot te pletter op ‘e kliffen
waor as popsongs overhenne
flatten

hi’j raekt de grond
mit zien duuster wezen

hi’j het een penne en een stemme
en een roerloze aangst om dat te delen
drieft de tonen van zien liet
een duvelspakt
hoger

skaekelt zien leven
op naor een dissonant
dat ‘m in weer wat aanders wil douwen
een wegmaekt labyrint

uut die tied verleuren
drieft zien piene
omhogens
en slaot weer daele
in oonze tied

waor heurt hi’j thuus
master X (2x)

© Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer